Ljouwert krijt tûke ferkearsljochten foar bettere trochstreaming ferkear

17 des 2020 - 20:33

De gemeente Ljouwert hat njoggen besteande ferkearsljochten opwurdearre nei 'yntelliginte ferkearsregelynstallaasjes'. Dy tûke stopljochten soargje foar in bettere trochstreaming.

Ferkearsljochten yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Autobestjoerders krije fia de mobile telefoan troch wat foar kleur oft de ljochten ha, grien of read, sadat se har snelheid der op oan passe kinne. It giet om ferkearsljochtynstallaasjes dy't foaral op de tagongsdiken fan Ljouwert steane.

De ynfrastruktuer yn en om de stêd is de ôfrûne tsien jier flink útwreide en dêrmei groeide ek de kapasiteit. Friso Douwstra, wethâlder Ferkear en Ferfier fan de gemeente Ljouwert: "We wolle hjirmei it ferkear better trochstreame litte en feiliger meitsje. It ferbetteret dêrneist ek de leefberens fan de stêd op in duorsume wize troch ferleging fan de CO2-útstjit, fermindering fan de lûdsoerlêst en ferbettering fan de berikberens."

Trefwurden: 
Ljouwert ferkearsljochten
(Advertinsje)
(Advertinsje)