Autoskeabedriuwen fernimme minder drokte troch lockdown

17 des 2020 - 20:13

Bliuw thús, dat is it motto yn dizze coronakrisis. Dêrtroch is der folle minder drokte op de dyk en dat fernimme se by de autoskeabedriuwen ek. Omrop Fryslân hat mei meardere autoskeabedriuwen belle, in tal bedriuwen hat sels in tredde part minder. "We fernimme wol oare soart skea," seit Folkert Verbeek fan in autoskeabedriuw op De Lemmer. "Minsken parkearje noch hieltyd tsjin in pealtsje oan."

Autoskeabedriuwen ha it minder drok troch corona

"Sjoch, dizze hat tsjin sa'n pealtsje oansitten", seit Verbeek, wylst hy troch de garaazje rint. Mei in kladblok yn de hân skriuwt hy alle skea fan de auto's op. Yn de garaazje stean noch fiif auto's. Mar dat wurdt wol minder no't elkenien safolle as mooglik thúsbliuwt. "Ferline jier hiene we 20 of 25 de wike, mar no sitte we op ûngefear 15. Dat is ek oars as de earste lockdown, want doe wie der noch in protte wurk. We ha in wachtlist en dus binne de putsjes doe ôfmakke. Ek hiene minsken de kop der net echt by."

Verbeek ûnderbrekt syn ferhaal efkes om de telefoan op te nimmen. "Elkenien moast werom nei 100 kilometer yn de oere en de krisis slacht ek op je wolwêzen. Dus minsken ha mear skea riden as we rekkene hiene."

Folkert Verbeek, skeamanager op De Lemmer - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferskate autoskeaherstelbedriuwen sizze tsjin Omrop Fryslân dat se it ferhaal fan Verbeek werkenne. "Ien de earste perioade fan maart foel it wol echt efkes stil", seit Erwin Bruining.

Hy is direkteur fan in skeabedriuw yn Ljouwert. "Dat duorre twa wiken en doe kaam it wer op gong. We fernimme wol dat it soart skea echt feroaret. Gewoanwei hiene we bygelyks in protte autoruten, om't stienslach oan 'e oarder fan de dei wie. Dat is no oars. It is benammen it parkearjen dat net goed giet."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De twadde lockdown is foar de skeabedriuwen noch efkes ôfwachtsje. "Litte we earlik wêze, de krystfakânsje is net de drokste perioade", seit Verbeek. "Dan sitte de minsken dochs thús. We moatte wol efkes ôfwachtsje wat jannewaris ús bringt. Dat is wol spannend, want dizze lockdown moat net al te lang duorje. It moat net minder wurde, want dan wurdt it wol dreech."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by in autoskeabedriuw

(Advertinsje)
(Advertinsje)