Operaasje Fryske Flagge: Carolien Hunneman út it hegere noarden, Helsinki

17 des 2020 - 19:25

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Sa ek Carolien Hunneman, dy't yn it hegere noarden yn Helsinki, Finlân wennet.

Carolien Hunneman - Foto: Carolien Hunneman

Ek al wurdt Fryslân fansels it hege noarden neamd, wy binne neat fergelike mei it Finske Helsinki. Mar Carolien Hunneman, dy't yn Easterwâlde opgroeide, wit it yn perspektyf te setten. "Helsinki is een eind weg van Nederland als je met de auto gaat, maar als je vliegt duurt het maar twee uurtjes. Het is natuurlijk in het zuiden van Finland, als je naar het noorden van het land wil rijden is dat wel twintig uur met de auto. Dus zo noordelijk is het ook nog niet."

Ek yn dat hegere noarden werkenne se de Fryske flagge, stiet by it flachje fan Carolien. Der ha dan ek in stik as wat Finnen west dy't by SC Hearrenfean fuotballen. Sa hat Mika Väyrynen Carolien noch op de Fryske flagge oansprutsen.

Wite krystdagen

Dêr't wy hoopje op in pear dagen dat wy sniefrij krije, wit Carolien al hast seker dat der yn alle gefallen in oantal dagen snie lizze sil yn de Finske stêd. "Er ligt hier nog geen sneeuw, maar bovenin Finland wordt er al flink geskied. We hebben nu wel al enkele witte dagen gehad."

Wite krystdagen soenen dus gjin ferrassing wêze. "Januari en februari zijn hier de koudste maanden. Vorig jaar was het kantje boord, toen kwam er pas sneeuw in maart. Maar dat was de slechtste winter in jaren, we gaan ervan uit dat dat niet weer gebeurt."

Leafde op it earste gesicht

De leafde hat Carolien nei Helsinki ta brocht. "Het was liefde op het eerste gezicht. Een mooie, blonde Finse met blauwe ogen." De oare leafde, reedriden, hat Carolien lykwols net yn Thialf achterlitten. "Ik heb de ALO gedaan in Groningen, ik ben sportleraar. In Nederland, in Thialf, heb ik ook veel geschaatst. Ik heb nu van mijn hobby mijn werk gemaakt, ik ben hier schaatscoach."

It reedriden yn Finlân is lykwols net sa grut as dat it hjir is. "We hebben zo'n 300 licentie-schaatsers. Ik geloof dat het er in Nederland 20.000 zijn", fertelt Carolien. "De schaatswereld is klein, maar we doen ons best, en zo nu en dan staat er wel een talent op. Maar de faciliteiten zijn slecht. We hebben geen binnenbaan, we hebben dus net pas ijs, omdat het nu pas koud genoeg wordt. Als je alleen op een buitenbaan kan trainen met relatief slecht ijs, dan wordt het toch lastig." Mar dit hâldt Carolien net tsjin, sa seit se. "We hebben een goede groep hier in Helsinki. We verwachten met de Vikingrace in Heerenveen wel wat vuurwerk van onze groep."

Oanpasse, mar it libben giet troch

Hiel oars as it petear mei Anna Visser út Italië ferline wike, giet it kwa corona eins bêst goed yn Finlân. "Ja, we grappen er wel een beetje over, want Finnen vinden het van nature wel fijn om een beetje afstand te houden. Het gaat eigenlijk best wel oké. Hier in de grote stad, in Helsinki, hebben we soort van maatregelen. En men houdt zich er wel aan. Mondkapjes worden trouw gedragen, dus we hebben eigenlijk niet zoveel zorgen." De winkels en de hoareka binne yn Helsinki dan ek net ticht. "Het is wat aangepast, maar het leven gaat wel gewoon door", sa seit Carolien.

Operaasje Fryske Flagge: Carolien Hunneman

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 190 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)