Oerlis Fryske boargemasters: karbidsjitte yn groepkes fan twa

17 des 2020 - 17:29

Karbidsjitte op âldjiersdei kin trochgean, mar net mei in karbidploech fan mear as twa minsken. Dat hawwe de Fryske boargemasters tongersdeitemiddei besletten nei oerlis. Wol sizze se dat it miskien ferstanniger is as karbidferieningen it net dogge. De plysje sil strang tafersjoch hâlde, sa seit de wurdfierder fan boargemaster Buma, dy't foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân is.

Karbidsjitte yn Ousterhaule oan de Heerewei - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De fergunningen dy't ferskate karbidploegen oanfrege hawwe by de gemeentes, wiene foar fjouwer minsken. Mar ûnder de Covid-wet, en wylst der in lockdown geande is, binne dat der no noch mar twa.

Woansdei die Veiligheidsregio-direkteur Wim Kleinhuis al de oprop om net te karbidsjitten dit jier. "We roppe minsken op om net te karbidsjitten te gean. It mei wol, mar mei mar twa persoanen. De gesellichheid deromhinne mei net."

(Advertinsje)
(Advertinsje)