Coronafeilige eksposysje wapendroppings by Ketlik

17 des 2020 - 17:13

By ynformaasjesintrum it Beekpronkje fan It Fryske Gea by it Ketliker Skar is in coronafeilige eksposysje ynrjochte oer de wapendroppings yn de Twadde Wrâldoarloch. Ferline jier binne op it droppingsfjild flearmûzebunkers delset yn de foarm fan de kisten dêr't earder dy wapens yn ferfierd waarden. Mar dêrmei wie it ferhaal noch net goed genôch ferteld.

Coronafeilige eksposysje wapendroppings by Ketlik

En dus binne trije froulju ynterviewd dy't famylje binne fan minsken dy't earder belutsen wienen by de wapendroppings. Dat en mear is no te sjen en te hearren op trije harkpeallen, plus tekst mei foto's dy't op de ruten fan it ynformaasjesintrum plakt binne.

"Wy soenen it earder binnendoar dwaan, mar eltsenien wit wol wêrom't dat net trochgong is", seit Stefien Smeding fan It Fryske Gea. De ferhalen fan de trije froulju binne te hearren nei in druk op de knop fan in harkpeal. De eksposysje hat as titel 'Frijheid boppe alles' meikrigen.

Ofstân hâlde

De eksposysje mei dan wol coronafeilich hjitte, it hinget fansels wol ôf fan hoe't minsken harren hâlde en drage. Smeding: "Der sit wol in 'mar' oan fêst, lykas jildt foar al ús gebieten. Minsken moatte ek in plan B hawwe foardat se fuortgean. Wy hawwe genôch romte om te parkearen en te kuierjen, mar eltsenien moat him wol oan de ôfstân hâlde. Se moatte eefkes opelkoar wachtsje as de harkpeal beset is en der al in oar by stiet. Wy gean derfan út dat minsken dat wol opbringe kinne en dêr gewoan rekken mei hâlde."

Stefien Smeding fan It Fryske Gea

(Advertinsje)
(Advertinsje)