Simmerskoalle oer Aldfrysk giet troch yn 2021

17 des 2020 - 17:02

De universiteiten fan Oxford en Grins organisearje takom jier de twadde edysje fan de Old Frisian Summer School. Dat soe dit jier al, mar dat gong troch de coronabeheinings net troch. Yn 2021 giet de simmerskoalle yn alle gefallen troch, om't dielnimmers dy dan ek folslein digitaal folgje kinne.

De Old Frisian Summer School yn 2019 - Foto: Minorities & Multilingualism - University of Groningen

De simmerskoalle wie yn 2019 foar it earst, doe yn Oxford. Takom jier krije de dielnimmers les yn Ljouwert, of digitaal dus, as dat nedich is.

Meidoggers krije in stoomkursus Aldfrysk dy't fiif dagen duorret. It tema is ditkear 'Old Frisian and its Neighbours'. Fragen dy't sintraal steane geane oer hoe't de sprekkers oan de rânen fan midsiuwsk Fryslân omgongen mei taalferskaat. En hoe't de taalgrinzen troch de tiid feroaren.

Taalgebiet wie grutter

It Fryske taalgebiet wie doe folle grutter as no. Koartlyn kamen der nije oanwizings nei boppen dat der ek yn Súd-Hollân Fryske taalmienskippen west ha moatte.

Foar de simmerskoalle wurkje de Ryksuniversiteit Grins en Oxford University gear mei de Fryske Akademy, Tresoar en Campus Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)