FIDEO: 11 Andere Oorden by de Boeddhistyske timpel yn Hantum

17 des 2020 - 19:30

In Boeddistyske timpel yn it Fryske lânskip: it docht ûn-Frysk oan, mar hy stiet hjir dochs echt. De Stoepa yn Hantum is it fjirde plak dat troch de keunstners fan it LUNA Collective yn it ljocht set wurdt. It is ûnderdiel fan 11 Andere Oorden. Op strikt geheime lokaasjes wurde oant de krystdagen op ferskate plakken yn Fryslân ljochtkeunstwurken toand. It binne plakken dy't net sa bekend binne, mar dêr't wol in moai ferhaal achter sit mei in gedachte dy't goed past by de krysttiden.

11 Andere Oorden Dei 4

11 Andere Oorden is in ljochtkeunstprojekt fan LUNA Collective (yn oparbeidzjen mei Provinsje Fryslân) dat fertoand wurdt op alve lokaasjes yn Fryslân. Alle dagen op in nij, geheim plak. Efter elk projeksje sit in krystgedachte. Fanwegen de beheinende maatregels mei der gjin publyk by wêze. In ympresje fan de ljochtprojekten is dêrom fan moandei 14 oant en mei 24 desimber alle dagen fan 17.00 oere ôf te sjen op telefyzje en online by Omrop Fryslân of op www.friesland.nl/11oorden. Op earste krystdei folget in kompilaasje. Hjir binne alle oare fideo's te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)