Europeesk Parlemint stimt foar inisjatyf om minderheidstalen better te beskermjen

It Europeesk Parlemint hat tongersdei yn grutte mearderheid stimd foar Minority SafePack (MSPI), in boargerinisjatyf foar mear omtinken foar lytsere talen. Minderhedenorganisaasje FUEN wie mei it inisjatyf kaam, omdat de Europeeske Uny de lêste jierren gjin belied mear hie op it mêd fan minderheidstalen.
© ANP
Mear as 1,1 miljoen EU-boargers ha it inisjatyf ûndertekene, en dêrom moat de EU no opnij oan de slach mei minderhedebelied. Tongersdei stimden 524 Europarlemintariërs foar it inisjatyf en 67 tsjin. Dêrnjonken wiene der 103 ûnthâldingen. De dúdlike mearderheid wurdt sjoen as in sinjaal oan de kommisje en lidsteaten dat der konkrete maatregels ferwachte wurde.
Foar de liberale fraksje yn it Europeesk Parlemint liet Malik Azmani (VVD) moandei al witte dat er efter it MSPI stiet. Hy fertelde der by dat er op It Hearrenfean opgroeide yn it Nederlânsk en it Frysk. Wat him oanbelanget bliuwt dat sa en befoarderet Europa de posysje fan minderheidstalen.

Gefoelich tema

It tema minderheden leit gefoelich yn de Europeeske Uny, want dat soe, neffens in ynterpretaasje fan de Europeeske ferdraggen, ta de kompetinsje fan de lidsteaten hearre en net ta dy fan Europa.
Njonken it Europeesk Parlemint siket it Minority SafePack ek stipe yn nasjonale en regionale parleminten yn hiel Europa. Woansdei wie, neffens ferwachting, in grutte mearderheid yn Provinsjale Steaten fan Fryslân foar it inisjatyf.
In stikje fan de taspraak fan Malik Azmani (yn it Ingelsk)