Frysk folksliet út de Grinzer Martinitoer wei troch donearaksje Bernlef

17 des 2020 - 15:21

It Frysk folksliet sil tiisdei yn it sintrum fan Grins te hearren wêze. De Grinzer studinteferiening Bernlef hat it folksliet oanfrege as fersyknûmer by de Martinitoer yn de stêd. Yn desimber en jannewaris spilet de beierdier, de Fries Auke de Boer, alle tiisdeis in fersyknûmer op it kariljon, yn ruil foar in donaasje foar de Voedselbank en it ûnderhâld fan de Martinitsjerke.

Foto: ANP

"Wy binne wol aardich fan de ludike aksjes", sa seit foarsitter fan de studinteferiening Lucas van der Veer. "Sa as in protte fan dy aksjes kaam it idee by ien fan de leden wei. Dy hat it yn de groepsapp stjoerd, en dêr waard sa entûsjast op reagearre dat wy der daliks mei oan de slach gien binne." It nûmer 'Bernlef Boppe' fan Piter Wilkens waard ek noch oppenearre, mar úteinlik hawwe de studinten dochs foar it Frysk folksliet keazen.

Donaasje foar Voedselbank en Martinitsjerke

Om de minimum donaasje fan 500 euro byinoar te krijen, begûn Bernlef in ynsamlingsaksje ûnder de leden. Tongersdeitemoarn, noch gjin 24 oeren nei it opperjen fan it idee, hiene se op dizze wize al sa'n 200 euro ophelle. Mar om't de organisaasje fan de fersyknûmer-aksje, Stichting Martinikerk, it inisjatyf fan Bernlef sa moai fûn, hawwe se tasein sawiesa it folksliet spylje te wollen, ek as de studinteferiening de 500 euro net hellet.

Om't de donaasje foar it goeie doel is, besiket Bernlef lykwols noch hieltyd jild op te heljen. Minsken dy't dizze aksje stypje wolle, kinne fia de side fan Bernlef in donaasje dwaan.

Takom tiisdei, 22 desimber, sil it Frysk folksliet om 12.40 oere op it kariljon fan de Martinitoer spile wurde.

Foarsitter fan F.F.J. Bernlef Lucas van der Veer oer de aksje

(Advertinsje)
(Advertinsje)