Ferkeaper deadlike fjoerwurkbom Moarre krijt wurkstraf

17 des 2020 - 14:54

De 32-jierrige man út Eanjum dy't de fjoerwurkbom levere hat dy't op 31 desimber 2018 it libben koste fan in 41-jierrige man út Moarre, is tongersdei feroardiele ta in wurkstraf fan 150 oeren. Hy hat ûnder betingst ek in finzenisstraf fan fjouwer moannen krigen.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It Iepenbier Ministearje easke twa wiken lyn tweintich moannen sel mei dêrboppe-op tsien moannen ûnder betingst. It IM hold de man as ferkeaper fan de swiere mortierbom ferantwurdlik foar it deadlike ûngelok. De rjochtbank gong derfan út dat de Eanjumer net wist dat de bom in lont hie dy't direkt nei it oanstekken ta in eksploazje liede soe.

Neffens de rjochtbank kin wol bewiisd wurde dat de Eanjumer fjoerwurkbommen ferkocht hat sûnder út te lizzen hoe dermei om te gean en sûnder te wizen op de gefaren. Fierder hie er 51 knalpatroanen foarhannen. De rjochtbank hold der rekken mei dat de Eanjumer ek lêst hat fan de gefolgen en nea wold hie dat de man út Moarre om it libben komme soe.

In 42-jierrige man út Moarre hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen. Hy hat neffens de rjochtbank ferskate fjoerwurkbommen opslein yn syn loads. Hy hie mei it slachtoffer de bom kocht en se soenen him ek tegearre oanstekke. Uteinlik die it slachtoffer dat mei syn soan.

De soan, no 17 jier, is troch de bernerjochter frijsprutsen fan it yn besit hawwen fan de bom. Hy skynde ljocht by doe't syn heit de lont oanstuts. De bernerjochter konkludearre dat de jonge fierder neat dien hat by it ôfstekken. Twa wiken lyn ferwiisde de rjochtbank de skeaclaim fan de widdo fan it slachtoffer troch nei de sivile rjochter. De frou easket 150.000 euro fan de ferkeaper fan de bom.

(Advertinsje)
(Advertinsje)