Fjouwer jier sel easke tsjin No Surrender-leden om stellen bestelbuskes

17 des 2020 - 14:18

Trije manlju fan Noardwâlde en Vledder hearden tongersdeitemiddei fjouwer jier sel tsjin harren easkjen. De trije (âld-)leden fan motorklup No Surrender dy't op grutte skaal bestelbuskes stellen en stript ha, wurde fertocht fan wytwaskjen, dielnimmen oan in kriminele organisaasje en wapenbesit. Se moatte allegear like lang de finzenis yn om't se neffens de offisier fan justysje ferlykbere strafbere feiten plege hawwe.

Noardwâlde - Foto: ProNews

De plysje krige yn oktober 2018 in tip dat der yn loadsen yn Wynjewâld en Noardwâlde stellen auto's stript waarden, dêr't ûnderdielen fan trochferkocht waarden. Dyselde moanne late it trackingsysteem fan in yn Hoofddorp stellen Volkswagen ek nei Wynjewâld.

Yn in loads yn Wynjewâld waarden ûnderdielen fan stellen bestelauto's oantroffen. Yn totaal giet it om sa'n 75 stellen weinen. Yn it ûndersyk waarden yn totaal trije lokaasjes yn Easterwâlde en lokaasjes yn Aldeberkeap, Klazienaveen en Steenwijk trochsocht.

It trijetal gie neffens it Iepenbier Ministearje hiel profesjoneel te wurk. De folsleine line fan stellen oant de âldizerbult stie ta beskikking fan de fertochten. Wykliks, of soms sels deistich, kamen der bestelauto's binnen dy't meast deselde dei noch ûntmantele waarden. De ûnderdielen waarden foar goed jild ferkocht.

Autobedriuw as dekmantel

It autobedriuw fan ien fan de fertochten waard brûkt as dekmantel foar de kriminele aktiviteiten fan de fertochten. It jild dat se dermei fertsjinnen, waard wytwosken.

De manlju wurde neist wytwaskjen fertocht fan dielnimmen oan in kriminele organisaasje. Wat it Iepenbier Ministearje oanbelanget hawwe de fertochten in eigen rol yn dy kriminele organisaasje, mar de rollen binne foar it grutte part ynwikselber.

Wapenbesit

In 40-jierrige fertochte hie it autobedriuw op syn namme stean, de 64-jierrige hierde de loads dêr't de measte stellen weinen en ûnderdielen oantroffen waarden. In 27-jierrige man behearde de kontakten mei dejingen dy't de auto's stielen, holp by de ûntmanteling en it ferfieren fan de ûnderdielen en karkassen. It trijetal wurdt ek fertocht fan wapenbesit.

'Unskuldich'

De fertochten sizze dat se har net dwaande holden ha mei 'louche' saken. Ien fan harren neamde it plysje-ûndersyk 'science fiction'. Op de sitting waarden de trije fertochten konfrontearre mei goed 300.000 euro oan skeaclaims, fan dupearre autobesitters en fersekerders.

Tongersdei wie de tredde dei yn de rjochtsaak. Wannear't de útspraak fan de rjochter folget, is noch net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)