HEA! Krystfeest yn De Herbergier

17 des 2020 - 14:05

De bewenners fan De Herbergier yn Aldeberkeap fiere it Krystfeest al betiid. Sa kinne se mei de Krystdagen ek noch wat mei harren eigen neisten dwaan. De Herbergier is in wenmienskip foar minsken dy't problemen hawwe mei it ûnthâld. It feest is dit jier wat soberder troch de coronabeheinings, mar dochs genietsje de bewenners folop fan it by elkoar wêzen en it mei inoar iten.

HEA! Krystfeest De Herbergier

(Advertinsje)
(Advertinsje)