Weromsjen: Krystkonsert fan it Noord Nederlands Orkest

18 des 2020 - 09:05

It Krystkonsert fan it Noord Nederlands Orkest wie tongersdei live te sjen by Omrop Fryslân. Sa koe elkenien it konsert dochs belibje, no't der gjin publyk yn de konsertseal oanwêzich wêze mei. De útstjoering is in gearwurking fan it NNO, Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe.

It Noord Nederlands Orkest spilet yn it Krystkonsert in pear typyske Ingelske 'Christmas carols' en tradisjonele Dútske krystlieten en ek muzyk fan Georg Friedrich Händel.

It NNO Krystkonsert wurdt laat troch Risto Joost, mei sopraan Louise Kemény, mezzosopraan Barbara Kozelj. Presintatrise is Nynke Heeg. Hichtepunt fan it konsert is Händels Music for the Royal Fireworks, oarspronklik skreaun foar de lûdroftige besetting fan in militêr orkest foar in foarstlik feest, en ek tige geskikt om it âlde jier út te knallen.

Foto: Krystkonsert: NNO

Thús genietsje fan kultuer

De trije Noardlike omroppen en it NNO hawwe ôfpraat om mear konserten út te stjoeren fia de ferskillende online kanalen en op 'e telefyzje. Dat om alle minsken yn Noard-Nederlân genietsje te litten fan klassike muzyk en om it Noord Nederlands Orkest yn dizze tiid dochs mei te meitsjen.

Ek it Nijjierskonsert fan it NNO op 2 jannewaris, mei soliste Francis van Broekhuizen, is live te folgjen. Nei jannewaris steane der noch sa'n fiif konserten pland, dy't live útstjoerd wurde.

Einredakteur Sybren Terpstra fan Omrop Fryslân: "Wy fine it tige wichtich om it Fryske en Noardlike publyk de kâns te jaan om te genietsjen fan moaie konserten. Foaral no't minsken thús bliuwe moatte, is it weardefol dat de omroppen op dizze wize kultuer yn 'e hûs bringe kinne."

Sjoch foar mear ynformaasje op: nno.nu/concert/kerstconcert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)