Noch twahûndert ekstra meiwurkers nedich yn de soarch

Der binne noch hieltyd mear hannen nedich yn de soarch. Omdat hieltyd mear minsken besmet reitsje mei it coronafirus, is der ek mear ferlet fan personiel. Dêrom docht it inisjatyf 'Extra handen voor de zorg' opnij in oprop: Der moatte benammen mear ferpleechkundigen en fersoargjenden komme.
© Shutterstock
In eardere oprop mei de earste coronaweach hat 428 oanmeldings yn Fryslân opsmiten. Dat is te min, seit Lida Sterenberg fan Zorgplein Noord. Der komme hieltyd mear oanfragen binnen fan organisaasjes foar soarch en wolwêzen dêr't corona hearsket. En moatst ek foarútsjen, want corona is ûnbestjoerber. It kin op allerhanne plakken samar de kop opstekke.
Zorgplein Noord is mei 377 minsken yn petear of hat dat west. It hinget der fanôf wat de fraach is op in bepaald momint. Is der bygelyks ferlet fan mear personiel yn handicaptesoarch, yn de psychiatry of yn in sikehus. Fierders spilet ek in rol wat de nije oanmelders kinne en wat by harren past. It kin fan beide kanten wêze dat it net foldocht.

Elkenien kin komme

Oer algemien hat de soarch elkenien nedich. De nije oprop is benammen ek bedoeld foar minsken út oare sektoaren dy't earder yn de soarch wurke hawwe. Sy hawwe de papieren foar de soarch, wylst se der net mear wurkje. Ek al binne dy ferrûn, dan noch kinne se gau wer ynset wurde.
Der is no it measte ferlet fan ferpleechkundigen en fersoargjenden. Dat kinne ek soarchpersonielsleden fan no of âld-soarchpersonielsleden wêze dy't ekstra bywurkje wolle en kinne. Mar ek oare helpenden binne der hieltyd minder, en dêr binne al in hiel soad fan pleatst. 'Extra handen voor de zorg' hat yn Fryslân oant no ta 92 minsken yn de soarch oan it wurk krigen.

Fan hoareka nei gastfrou/hear yn de soarch

Ut de hoareka wei wurkje op dit stuit 33 minsken yn de soarch. Sy hawwe gjin soarchachtergrûn, mar binne wol tige nuttich, seit Sterenberg. Sa wurkje se no as gasthear of gastfrou by de entree fan in gebou om te kontrolearjen oft de coronaregels wol neilibbe wurde. En yn sikehuzen wurde se bygelyks as buddys ynset.
De soarchsektor stiet al hiel lang ûnder druk, seit Sterenberg ta beslút. No mei coronakrisis is dúdlik te sjen dat de sektor net folle fet op de bonken hat.
Lida Sterenberg, Zorgplein Noord oer 'Extra handen voor de zorg'