Skripsjepriis 2018-2020 nei heidedoarp-ûndersyk fan Sian Wierda

17 des 2020 - 13:30

De Skripsjepriis fan de Fryske Akademy oer 2018-2020 is wûn troch Sian Wierda. Hy krige de priis foar syn masterskripsje Het vrije volk van de heide, dy't hy yn 2018 skreau foar de oplieding skiednis oan Rijksuniversiteit Groningen. Wierda wurket op dit stuit as redakteur by Omrop Fryslân.

Klara Veenstra-Jongsma by har hutte op it Wyldfjild (Feansterheide) yn 1915 - Foto: Foto Beitschat

De Skripsjepriis wurdt om de twa jier útrikt foar it bêste skripsjeûndersyk op it mêd fan Fryske taal en kultuer. It hat as doel om studinten te stimulearjen ûndersyk te dwaan nei Fryske tema's. De sjuery bestie út Aldfrisist dr. Han Nijdam en de taalkundigen dr. Jelske Dijkstra en dr. Eric Hoekstra. Sy wiene ûnder de yndruk fan it grut ferskaat oan boarnen dat Wierda brûkt hat foar syn ûndersyk, wêrmei't in kompleet byld fan it libben op de heidedoarpen sketst is.

De útrikking wie dit jier fanwege it coronafirus digitaal. "Ik wie hiel ferrast doe't ik te hearren krige dat ik wûn hie", seit Wierda. "It is al twa jier lyn dat ik de skripsje skreaun haw. Dat leit al wer sa'n skoft efter je. Mar ik bin der hartstikke grutsk op, it is hiel moai om dizze wurdearring fan de Fryske Akademy te krijen."

Heidedoarpen yn it Frysk-Grinslanner grinsgebiet

Wierda die ûndersyk nei earmoede en kultuer by de befolking fan heidedoarpen yn it Frysk-Grinslanner grinsgebiet tusken 1850-1900. It gie om Hamsterheide (no foar in grut part De Harkema), Feansterheide (no Boelensloane), De Houtigehage, De Skieding (by Drachtsterkompenije) en De Parken (ûnder de Grinzer Pein). Dizze heidedoarpen binne pas nei 1700 ûntstien doe't de feanterijen opholden. Offisjeel wiene it doe noch gjin doarpen, mar foelen se bygelyks ûnder Surhústerfean, Droegeham en De Rottefalle.

In spitkeet yn De Houtigehage yn 1923 - Foto: Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed, Amersfoort / SHBO-F-KU176-2819

Yn de skripsje hat Wierda besocht út te finen oft der by de doetiiske heidsjers sprake wie fan in saneame 'culture of poverty,' in idee fan in Amerikaanske antropolooch. Dy pleite derfoar dat bepaalde groepen earmen in ôfwikende libbenswize hawwe dy't harren earmoede yn stân hâldt.

Kultuer by krapte

Wierda hat besocht wat nuânse te bringen yn it negative stereotype fan heidedoarpen. Faak wurdt bygelyks skreaun oer erbarmlike spitketen, kriminaliteit en alkoholgebrûk. Mar echt systematysk ûndersyk is der net folle dien, al hielendal net nei saken as analfabetisme en bûtenechtlike berten. It hat neffens Wierda bliken dien dat der gjin sprake wie fan in 'earmoedekultuer' op de heide, sa't earder wol skreaun is.

As der ôfwikend gedrach wie, kaam dat faak út earmoede wei. By dieverij gie it bygelyks faak om it stellen fan iten of brânstof. Dat der analfabetisme wie hie ek te krijen mei dat bern meihelpe moasten op it lân en net nei skoalle koene. It gie dus ek om kulturele oanpassingen oan earmoede: by krapte nimme minsken oare beslissingen.

Yn oare gefallen ûntbrutsen guon kenmerken ek. It oandiel bûtenechtlike berten en de bernestjerte yn de gebieten foel bygelyks ta yn ferliking mei it provinsjale byld. Allinne in negatyf byld is dus net terjochte, neffens Wierda. De arbeiderbefolking wie ek frijfochten en keas somtiden bewust foar in plak bûten de boargerlike maatskippij.

Sian Wierda oer it winnen fan de Skripsjepriis

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(Advertinsje)
(Advertinsje)