Gedichterûte Koudumer bern: oer pake dy't krekt stoarn is, mar ek oer Syrië

Skoalbern yn Koudum hawwe in meartalige gedichterûte makke foar it doarp. Under de titel 'Koudum ferbynt' wurdt taal ferbûn mei keunst en kultuer. Yn de tunen stean gedichten opsteld en in rûte fan sawat 2,5 km giet dêrby del. De rûte is yn de lêste wiken fan 2020 te rinnen.
Gedichterûte Koudumer bern
De gedichterûte is makke mei help fan ûnderwiisorganisaasje Cedin. De dielnimmende learlingen sitte op de skoallen Bogerman, De Klimbeam en It Fûgelnêst. Deputearre Sietske Poepjes soe de gedichterûte iepenje, mar dat giet net troch fanwege de corona.

Net inkeld yn it Frysk

Bern fan de trije skoallen hawwe yn ferskillende talen gedichten skreaun by it tema 'Ik tink oan dy'. Se mochten harren uterje yn 'e eigen taal, oft dat no it Frysk, Arabysk, Dútsk of Nederlânsk is.
De 25 gedichten stean opsteld yn tunen en dêr is in rûte by del makke fan sawat 2,5 kilometer. Yn elk gedicht stiet ien wurd ûnderstreke dêr't de lêzer sels in nij gedicht fan meitsje kin en dat oan ús ynstjoere, fertelt Ackelyn Stapensea fan skoalle De Klimbeam.
"By 'ik tink oan dy' hat elk bern wer in oare ynterpretaasje. Alle bern op it Bogerman en de basissskoalle fan groep 4 en heger hawwe in gedicht makke en dêr is in seleksje út makke."

Pake dy't krekt stoarn is

"It is hiel ferskillend wêr't de gedichten oer gean. It iene giet oer pake dy't krekt stoarn is, it oare oer in beppe dy't yn it fersoargingstehûs wennet. En der is ek in gedicht by fan in famke dat út Syrië komt en dêroer skriuwt."
De poëtyske rûte is coronaproof. Ackelyn Stapensea: "Wy sykje alle jierren mei de krystdagen wat dat ferbining jout. Immen kaam mei dit idee. It komt fan it 'bearkesykjen' achter de ruten yn de earste coronaweach. Wy soene no yn plak fan bearkes wol gedichten sykje kinne."
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
De basisskoalle yn Koudum hat mei oare partijen it projekt opset. Ackelyn: "Wy wurkje gear mei it fuortset ûnderwiis, de berne-opfang en besykje kontakt te meitsjen mei it fersoargingstehûs."
Doel is dat der ek in gedichterûte te sjen wêze sil yn it fersoargingshûs De Finke. Sa wurdt jong en âld derby belutsen en wurdt mei-inoar op in positive wize nei ferbining socht. De gedichten dy't yn De Finke hingje, binne wol allinnich tagonklik foar de bewenners.
We swaaie nei elkoar fan achter it raam,
alles is oars, mar it wurdt stadich oan gewoan.
We witte net wat der kommen giet,
en wat ús noch te wachtsjen stiet.

Ik tink oan dy,
do bist net allinnich.
Wy komme hjir trochhinne.
Tegearre kinne wy
dizze striid winne!

Geartsje Hofman
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar praat mei Ackelyn Stapensea
De gedichterûte yn it doarp kin fan freed 18 desimber oant en mei 26 desimber rûn wurde. De dielnimmende adressen stean op Koudum.nl.
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar stiet by in gedicht