Fryske sikehûzen skale reguliere soarch fierder ôf; situaasje soarchlik

17 des 2020 - 11:21

Troch it rap tanimmende oantal coronabesmettings skale de Fryske sikehûzen harren reguliere soarch ôf. Der lizze hieltyd mear coronapasjinten yn de sikehûzen yn it Noarden, wêrtroch't der mear romte komme moat foar coronapasjinten. De sikehûzen neame de situaasje sels 'soarchlik'.

Fryske sikehûzen skale reguliere soarch fierder ôf

It oantal coronabesmettings is de ôfrûne wike yn it Noarden mei sa'n 40 persint tanaam yn ferhâlding ta de wike derfoar. Sa soarchlik as no hat it yn de twadde coronaweach noch net west, seit Hennie Hoogeveen fan it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland.

Yn de earste weach wie it ek drok mei de coronasoarch yn de sikehûzen. Doe kaam dat foar in grut part trochdat de sikehûzen yn it Noarden pasjinten út de rest fan it lân oernamen. No binne der ek folle mear coronapasjinten út it Noarden sels.

"De situatie is zorgelijk. We kunnen het aan, maar we zullen daarvoor wel de zorg moeten herschikken", leit wurdfierder Frits Mostert fan it MCL út.

Fierdere ôfskaling

De reguliere soarch yn de Noardlike sikehûzen wie al stadichoan ôfskaald yn line mei de lanlike ôfspraken. Fierdere ôfskaling is nedich om romte te meitsjen foar de opfang fan coronapasjinten, sawol op de intensive care as op de klinyske ôfdielings.

It ôfskalen fan de reguliere soarch hat gefolgen foar net-coronapasjinten. Plande soarch wurdt tydlik of langer útsteld. "Patiënten krijgen daarvan persoonlijk bericht. Zolang ze geen telefoontje van ons krijgen, gaat hun zorg gewoon door", leit Mostert út.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De sikehûzen sizze der alles oan te dwaan om de kritike, net-útstelbere soarch trochgean te litten. "Het verschilt per geval. Een behandelteam bespreekt of het verstandig is om de behandeling uit te stellen of niet. Onder andere de spoedeisende hulp, oncologie en verloskundige gaan gewoon door."

Ferpleechhûzen

De ferpleechhûzen en thússoarch spylje in wichtige rol yn de opfang fan pasjinten, sawol yn de trochpleatsing út it sikehûs wei as yn it ferplegen fan pasjinten mei en sûnder corona yn de thússituaasje en ferpleechhûzen. Sa hâlde sikehûzen mear romte foar de behanneling fan corona- én reguliere pasjinten.

De sikehûzen helpe elkoar ûnderling ek. "We stemmen het landelijk met elkaar af. Het ROAZ (Regionaal Overleg Acute Zorgketen, red.) houdt constant zicht op hoe veel plek er is in de ziekenhuizen", seit Mostert. Yn it ROAZ wurdt sjoen hoe't dizze trochstreaming rapper ferrinne kin.

Neffens Mostert komt no in tredde oant de helte fan de coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen út oare parten fan it lân. It oantal Friezen nimt lykwols licht ta. "Er liggen nu 48 coronapatiënten in Fryslân buiten de ic's, op de ic's zijn dat er 20."

Krystfakânsje

Yn de krystfakânsje skale sikehûzen neffens Mostert sawiesa harren soarch ôf. "We zijn nu extra druk bezig om de roosters rond te krijgen." De sikehûzen dogge dêrom in orop oan meiwurkers om ekstra te wurkjen, om't se hurd nedich binne. "Elders in het land zijn berichten van verloven die worden ingetrokken, maar dat is hier niet het geval. Er wordt gelukkig gehoor gegeven aan de oproep."

Frits Mostert, wurdfierder fan it MCL

(Advertinsje)
(Advertinsje)