Gerben Gerbrandy hâldt op as Earste Keamerlid OSF

17 des 2020 - 09:50

It Fryske Earste Keamerlid Gerben Gerbrandy hâldt op as senator fan de Unôfhinklike Senaatsfraksje (OSF). It wurk foar de ienmansfraksje is him te drok. Gerbrandy hat oardel jier yn de Earste Keamer sitten.

Foto: Omrop Fryslân

De OSF-senator sit yn de Earste Keamer foar de ûnôfhinklike provinsjale partijen. "It is sa'n belêsting, dat ik dêrom dit beslút nommen ha. It gong te bot. Dus ik nim dit beslút mei pine yn it hert, want it is prachtich wurk. Ik ha it dien mei wille en passy."

Moai om de mienskip te tsjinjen

Gerbrandy hie net tocht dat it sa'n soad wurk wêze soe. "Ik ha it ûnderskat. Dat hat ek mei myn karakter te krijen, ik fyn dat ik fan alles op de hichte wêze moat." Hy sil de polityk misse: "Ik ha 46 jier yn de polityk sitten, it hat in stik fan myn libben west. Ik fûn it moai om de mienskip te tsjinjen."

Foarsitter Durk Stoker fan de OSF betanket Gerbrandy foar syn ynset. "Wy hawwe oan Gerben in poerbêste senator hân." Gerbrandy leit mids jannewaris syn taken del. As earste opfolger stiet Ton Raven klear. Hy is no wethâlder yn de gemeente Sittard-Geleen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)