Kollum: "Hân"

17 des 2020 - 08:20

"Der kaam in lyts pakketsje, echt mar in doaske, net folle grutter as fan in sûkeladeletter. Dy siet der dan ek yn. It adres op it pakje wie skreaun yn in kreas hânskrift, dat ik net fuortendaliks werkende. Der siet in kaartsje by en dêr stie yn datselde hânskrift op 'Sinterklaas net mei-inoar fiere mar wol wat lekkers foar dy'. Sûnder ôfstjoerder.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Ik appte in betankje nei ien fan myn sussen, in bytsje op 'e gok, want ik tocht dat sy it my stjoerd hie. 'Hahaha, do bist de twadde al', appte se werom. Okay, dus ik fuortendaliks in betankje nei myn oare sus. 'Nee, dat is net fan ús, hast fêst in geheime oanbidder!' antwurde sy. No wie ik al wat yn 'e war, want mei oare famyljeleden assosjearre ik it hânskrift net. En dat fan de oanbidder is nijsgjirrich, mar myn broer wie de twadde dy't sa'n selde pakje krigen hie, dus dat soe al wat tafallich wêze. Al fertsjinnet myn broer wol echt in oanbidder trouwens; hy hat as muzikant nochal in kloatejier efter de rêch.

It pakje bleau foar my even in mystearje. It binne goede tiden foar mystearjes. De searje 'The Crown' krige in pear dagen lyn it fersyk fan de Britske minister fan kultuer om sjoggers te warskôgjen dat it ferhaal fan it Britske keningshûs fiksje befettet. Dat it hiele bestean fan in keningshûs mear magy is as realisme, ûntgie de Brit. Mar de Britten binne hertstochtlike oanhingers fan magysk realisme as rjochtline foar it libben, sa witte we al in skoftke. Saken as Brexit en de A7 blokkearje, litte in protte sjen fan de folksaard, mar faak ha de belutsenen it sels totaal net yn 'e gaten. Der binne mear magysk tinkers as ea.

Sa ek yn de Volkskrant juster. Der stie in sidegrutte advertinsje yn fan 'Vrij en Sociaal Nederland'. Se drukten 40 by 40 stipkes ôf, wêrfan't ien in oare kleur hie. Dat iene stipke tusken de 1599 oare, stelde de coronaslachtoffers foar. Mei in grafysk trúkje moasten we begripe dat der foar elke coronadeade 1599 'beliedsslachtoffers' binne. Je moatte mar doare, om mear as tsientûzen persoanlike en famyljedrama's te redusearjen ta ien stipke.

Wat 'Vrij en Sociaal Nederland' krekt is, wurdt net fuortendaliks dúdlik op har website. Se sizze net mear as dat se 'gewone burgers' binne, mei de slogan 'gewoon weer normaal doen'. Wat gewoan en normaal is, wurdt net dúdlik. Bedoele se de hiele wrâld oer fleane foar in pear tientsjes? Bedoele se de folle tsjerken op Urk? Tûzen kilometer file yn 'e spits? Black Friday? De site fan 'Vrij en Sociaal Nederland' hâldt him op de flakte. Mar ik tink dat se wol in eigen en krekt formulearre idee ha oer wat foar harren normaal en gewoan is, en dat se ús dat wol optwinge wolle. Sa't Viktor Orbán it normaal en gewoan fynt dat allinnich heterostellen bern adoptearje kinne, en it dus gewoan en normaal ferbiedt foar homostellen, yn de grûnwet fan Hongarije, gewoan en normaal binnen de EU.

Op de site fan 'Vrij en Sociaal Nederland' stean trije nammen, fan in man dy't de coronasifers in 'rustig dalende trend' neamt, in frou dy't orthomoleculair afslankconsulent is en in man dy't brandvalue yn vastgoed creeert. Tsjong. Ja, dit is wat op de man, mar sy biede sels gjin ynhâld. Hawar, se skriuwe 'Wij hebben besloten op te staan en ons land weer zelf te gaan besturen.' Dus it is dochs in politike partij, mei nochal wat ambysjes. Troch bygelyks oer alle minsken dy't ien ferlern ha oan corona, of der sels siik fan binne of west ha, hinne te walsen. Alles yn it kader fan in magyske foarm fan 'normaal' en 'gewoon'.

It is partij nûmer tachtich dy't Nederlân wolris even feroarje sil. Ja, ek myn betrouwen yn 'e polityk is der yn it ôfrûne jier ek net op foarút gien, mei de púnheapen fan it CDA foarop. Corona en de taslagge-affêre binne ûnderwerpen dêr't we noch wol even mei foarút kinne. Mar de grafyske tsjoenders en magyske coronabeswarders fan 'Vrij en Sociaal Nederland' kinne dat gat net yn betrouwen folje, wat my oanbelanget. Hjir krigest in Drachster ROC-dosint net stil mei.

De hân fan 'e meiwurker fan de bakkerij dêr't ús mem de sûkeladeletter bestelde, de hân dy't it kaartsje skreaun hat, yn stee fan dat it fia it ynternet printe waard, dy hân jout mear betrouwen."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)