Liveblog | 17 desimber 2020

Coronanijs fan 17 desimber: Tal coronabesmettingen tanaam | Reguliere soarch ôfskaald

Folgje hjir it lêste coronanijs fan tongersdei 17 desimber.
Lêst bywurke: 18 desimber 2020, 07:15
22:00

Ein fan dit liveblog

Dit wie it liveblog fan tongersdei 17 desimber. Tank foar it folgjen!
21:58

Jillert Anema fynt corona belangriker as reedride

Basketballers, kuorballers, follyballers en sealfuotballers. Samar in pear fan de 5.000 topsporters dy't de groepstraining wer oppakke meie, nei't se dêr ferline wike tastimming foar krigen fan it regear. In útsûndering binne de maratonriders. Sy stean net op de list mei topsportkompetysjes dy't foarearst wer los meie. "As dat it offer is, dat wy bringe moatte, dan bringe wy dat", sa seit reedrydcoach Jillert Anema.
Corona is tsjintwurdich nea fier fuort, en al hielendal net by de ploegen fan Anema. "Ien fan ús riders hat dizze wike in famyljelid te hôf brocht fanwegen corona. In oare rider syn heit leit slim siik yn it sikehûs mei corona. Der libje wy ôfgryslik mei mei. Dan is dat belangriker as oft wy wol of net mear ride dit jier, tink ik dan."
Reedrydcoach Jillert Anema
20:36

RIVM: Yn jannewaris begjint GGD mei faksinearjen

De GGD begjint op 8 jannewaris mei it "kleinschalig" faksinearjen fan minsken mei it Pfizer-faksin, seit it RIVM. Wa't der yn de earste dagen faksinearre wurdt tsjin corona, wêr en om hoefolle minsken oft it giet wol it RIVM noch net sizze. Uterlik 11 jannewaris sil de GGD op trije lokaasjes yn it lân úteinsette mei it faksinearjen. Dat wurdt dêrnei binnen uterlik in wike útwreide nei 25 lokaasjes.
It kabinet melde dat de earste groep dy't foar faksinaasje oproppen wurdt, bestiet út meiwurkers fan ferpleechhuzen, beheindesoarch, wykferpleging en de maatskiplike ûndersteuning. Fan 4 jannewaris ôf wurdt de earste groep útnûge mei in oprop.
16:28

Allinnich 70-plussers meie stimme fia de post

Stimme fia de post by de kommende Twadde Keamerferkiezingen bliuwt foarbehâlden oan minsken fan 70 jier en âlder. Ferskate partijen yn de Twadde Keamer soene dy mooglikheid ek biede wolle oan jongere minsken dy't fanwegen in kwetsbere sûnens leaver net nei it stimlokaal gean op woansdei 17 maart 2021. Mar neffens minister Kajsa Ollongren fan Binnenlânske Saken is dat net útfierber en net winsklik.
Fan 70-plussers stiet neffens Ollongren fêst dat sy mear risiko rinne om slim siik te wurden troch it coronafirus. Dy groep is ek maklik ôf te beakenjen, seit se. Dêr komt by dat briefstimme echt "een noodgreep" is, seit Ollongren.
15:24

RIVM: 260 nije besmettingen

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 260 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der 39 mear as woansdei, doe wiene it der 221. It deistige trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 198. It hegere tal besmettingen kin komme troch in steuring by de GGD fan tiisdei. Dêrtroch is doe net alles binnenkaam. De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel meld út Súdwest-Fryslân mei 65, dêrnei folgje Ljouwert mei 48 en Smellingerlân mei 25 nije besmettingen.

Ien persoan ferstoarn

Der is ien nij stjergefal meld. Dat giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân. Dêrnjonken is in ynwenner fan Smellingerlân opnaam yn it sikehûs. Lanlik binne der 12.844 nije besmettingen meld. Dat is mear as ea, mar dat kin ek komme troch de steuring fan earder dizze wike.
14:00

Alderein wol dúdlikere kommunikaasje oer faksinaasjebelied

In tredde fan de 65-plussers wol dat it kabinet dúdliker kommunissearret oer de coronafaksinaasjekampanje. Dat seit de âldereinorganisaasje ANBO. "Er worden keer op keer verwachtingen gewekt bij ouderen, die dan later weer moeten worden bijgesteld", sa seit in wurdfierder.
"Het beleid zwalkt. Informatie over wie als eerste gevaccineerd worden, over de datum waarop gestart wordt met inenten, over het type vaccin en over de logistiek wijzigt continu. Je loopt het risico dat mensen die in principe bereid zijn een vaccin te nemen, nu afhaken door alle onduidelijkheid." Neffens ANBO binne in protte senioaren ree om harren faksinearje te litten. "Ze hebben er ook begrip voor dat het wellicht wat langer duurt voor ze aan de beurt zijn. Maar heldere communicatie daarover is wel heel belangrijk."
It belied oer wa't as earste in faksin krije sil en wannear't der begûn wurde sil mei yninten is de ôfrûne tiid meardere kearen feroare. Op it stuit is it plan dat earst meiwurkers fan ferpleechtehûzen, ynstellingen yn de soarch foar beheinden en de thússoarch oan bar wêze sille.