Coronanijs fan 17 desimber: Tal coronabesmettingen tanaam | Reguliere soarch ôfskaald

17 des 2020 - 23:08
22:00
Ein fan dit liveblog

Dit wie it liveblog fan tongersdei 17 desimber. Tank foar it folgjen!

21:58
Jillert Anema fynt corona belangriker as reedride

Basketballers, kuorballers, follyballers en sealfuotballers. Samar in pear fan de 5.000 topsporters dy't de groepstraining wer oppakke meie, nei't se dêr ferline wike tastimming foar krigen fan it regear. In útsûndering binne de maratonriders. Sy stean net op de list mei topsportkompetysjes dy't foarearst wer los meie. "As dat it offer is, dat wy bringe moatte, dan bringe wy dat", sa seit reedrydcoach Jillert Anema.

Corona is tsjintwurdich nea fier fuort, en al hielendal net by de ploegen fan Anema. "Ien fan ús riders hat dizze wike in famyljelid te hôf brocht fanwegen corona. In oare rider syn heit leit slim siik yn it sikehûs mei corona. Der libje wy ôfgryslik mei mei. Dan is dat belangriker as oft wy wol of net mear ride dit jier, tink ik dan."

Reedrydcoach Jillert Anema

20:36
RIVM: Yn jannewaris begjint GGD mei faksinearjen

De GGD begjint op 8 jannewaris mei it "kleinschalig" faksinearjen fan minsken mei it Pfizer-faksin, seit it RIVM. Wa't der yn de earste dagen faksinearre wurdt tsjin corona, wêr en om hoefolle minsken oft it giet wol it RIVM noch net sizze. Uterlik 11 jannewaris sil de GGD op trije lokaasjes yn it lân úteinsette mei it faksinearjen. Dat wurdt dêrnei binnen uterlik in wike útwreide nei 25 lokaasjes.

It kabinet melde dat de earste groep dy't foar faksinaasje oproppen wurdt, bestiet út meiwurkers fan ferpleechhuzen, beheindesoarch, wykferpleging en de maatskiplike ûndersteuning. Fan 4 jannewaris ôf wurdt de earste groep útnûge mei in oprop.

16:28
Allinnich 70-plussers meie stimme fia de post

Stimme fia de post by de kommende Twadde Keamerferkiezingen bliuwt foarbehâlden oan minsken fan 70 jier en âlder. Ferskate partijen yn de Twadde Keamer soene dy mooglikheid ek biede wolle oan jongere minsken dy't fanwegen in kwetsbere sûnens leaver net nei it stimlokaal gean op woansdei 17 maart 2021. Mar neffens minister Kajsa Ollongren fan Binnenlânske Saken is dat net útfierber en net winsklik.

Fan 70-plussers stiet neffens Ollongren fêst dat sy mear risiko rinne om slim siik te wurden troch it coronafirus. Dy groep is ek maklik ôf te beakenjen, seit se. Dêr komt by dat briefstimme echt "een noodgreep" is, seit Ollongren.

15:24
RIVM: 260 nije besmettingen

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 260 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der 39 mear as woansdei, doe wiene it der 221. It deistige trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 198. It hegere tal besmettingen kin komme troch in steuring by de GGD fan tiisdei. Dêrtroch is doe net alles binnenkaam. De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel meld út Súdwest-Fryslân mei 65, dêrnei folgje Ljouwert mei 48 en Smellingerlân mei 25 nije besmettingen.

Ien persoan ferstoarn

Der is ien nij stjergefal meld. Dat giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân. Dêrnjonken is in ynwenner fan Smellingerlân opnaam yn it sikehûs. Lanlik binne der 12.844 nije besmettingen meld. Dat is mear as ea, mar dat kin ek komme troch de steuring fan earder dizze wike.

14:00
Alderein wol dúdlikere kommunikaasje oer faksinaasjebelied

In tredde fan de 65-plussers wol dat it kabinet dúdliker kommunissearret oer de coronafaksinaasjekampanje. Dat seit de âldereinorganisaasje ANBO. "Er worden keer op keer verwachtingen gewekt bij ouderen, die dan later weer moeten worden bijgesteld", sa seit in wurdfierder.

"Het beleid zwalkt. Informatie over wie als eerste gevaccineerd worden, over de datum waarop gestart wordt met inenten, over het type vaccin en over de logistiek wijzigt continu. Je loopt het risico dat mensen die in principe bereid zijn een vaccin te nemen, nu afhaken door alle onduidelijkheid." Neffens ANBO binne in protte senioaren ree om harren faksinearje te litten. "Ze hebben er ook begrip voor dat het wellicht wat langer duurt voor ze aan de beurt zijn. Maar heldere communicatie daarover is wel heel belangrijk."

It belied oer wa't as earste in faksin krije sil en wannear't der begûn wurde sil mei yninten is de ôfrûne tiid meardere kearen feroare. Op it stuit is it plan dat earst meiwurkers fan ferpleechtehûzen, ynstellingen yn de soarch foar beheinden en de thússoarch oan bar wêze sille.

13:55
'Faksinearjen falt of stiet net mei in wike earder begjinne'

It ministearje fan Folkssûnens komt pas takom wike mei mear ynformaasje oer wannear't Nederlân úteinset mei de faksinaasjekampanje. Dat seit in wurdfierder.

It Europeesk Genêsmiddelsburo jout nei alle gedachten takom moandei de goedkarring foar it earste coronafaksin. Nei dizze goedkarring moat der noch in protte barre, seit coronaminister Hugo de Jonge. Hy sei tiisdei dat it faksinearjen 'net falt of stiet mei in wike earder begjinne', mar wol mei in feilich en soarchsum ferrin. Earder sei hy al dat Nederlân 'sa betiid mooglik yn jannewaris' úteinsette soe.

13:40
Gjin fakânsjeflechten mear

Reisorganisaasjes sa as TUI, Corendon en Sunweb skrasse foarearst alle fakânsjeflechten, no't sûnt woansdei foar de hiele wrâld in oranje reisadvys jildt. In protte lannen hiene al koade oranje, mar no wurde ek toeristeflechten nei de Kanaryske Eilannen en de Antillen net mear oanbean.

De reizgers dy't no noch op in fakânsjebestimming binne, meie harren fakânsje wol ôfmeitsje. De flechten om harren werom te heljen geane noch wol troch.

13:30
'Mear noed oer faksin-wegerjende soarchmeiwurkers as oer tiid fan ynintsjen'

Soarchbûn NU'91 makket him drokker oer soarchmeiwurkers dy't har net ynintsje litte wolle as oer it krekte momint dêr't Nederlân op begjint mei faksinearjen. Dat seit in wurdfierster fan de beropsorganisaasje foar ferpleechkundigen en fersoargjenden.

"Natuurlijk willen wij dat het zo snel mogelijk gebeurt, maar zorg dat als je het doet dat je het goed doet. En als er dan een paar weken extra voor nodig zijn en we weten dan dat het op een veilige en verantwoorde manier gebeurt, dan maken die paar weken ook niet uit", seit de wurdfierster.

De organisaasje is neffens har no benammen dwaande mei de fraach hoe't se derfoar soargje kinne dat soarchmeiwurkers der ek klear foar binne. "We merken dat er nog veel twijfels zijn, er moet nog veel meer geïnvesteerd worden in goede informatievoorziening. Mensen hebben allerlei vragen, over de effecten op de lange termijn, zwangere vrouwen vragen zich af of het nou wel slim is om dat vaccin te nemen, kortom er is heel veel onzekerheid", stelt de wurdfierster.

13:25
6 op de 10 meast opfallende Frysk syktermen giene oer corona

Friezen hawwe dit jier in soad googele nei it coronafirus, it wie ien fan de meast opfallende trends yn de sykmasine. Friezen sochten ek in soad nei de Amerikaanske ferkiezings en in ferskate ferneamde Friezen en Nederlanners. Dat docht bliken út de sifers Google bekend makke hat oer termen dy't opfallend mear as oare jierren socht binne.

Seis fan de tsien meast opfallende termen yn de sykmasine hiene te krijen mei it coronafirus. Ek yn it sykgedrach is dus te sjen dat it firus minsken dwaande hâldt.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)