Nije iissalon iepene yn Dokkum yn lockdown: "Moaie kâns foar my"

17 des 2020 - 06:59

In soad winkels hawwe it dreech yn coronatiid en guon hawwe sels harren doarren slute moatten. Dat makket it ekstra bysûnder dat Wiebe de Jong woansdei syn nagelnije iis- en patisserywinkel W'iis yn Dokkum iepen smiet. "Dit is in moaie kâns foar my", fertelt De Jong.

De Jong ferwachtet yn de simmer in soad toerisme en klandyzje. "Mar no is it fansels in barre perioade, want hast alle winkels binne ticht", fertelt hy. De iepening fan de salon waard net gruts fierd. "It wie net hiel spannend. Ut respekt foar oare ûndernimmers ha ik it sa lyts mooglik hâlden."

Hy ferwachtet yn de kâlde wintermoannen net in soad iis te ferkeapjen, mar dat klanten foaral komme foar de sûkelarjeprodukten, lykas selsmakke bonbons en truffels. De Jong tinkt dat minsken foar de feestdagen ek wol delkomme foar iistaarten.

De coronakrisis en ûnwisse tiden meitsje de ûndernimmer net benaud: "We moatte ús net blyn stoarje op de dip dêr't we no yn sitte, mar we moatte foarút en dan komt it altyd goed!"

Wiebe de Jong oer syn iissalon

(Advertinsje)
(Advertinsje)