Waskemar yn coronatiid: besoarchbakker Melle Stoker bringt de bôle by de doar

Hoe stiet it mei de leefberens yn in doarp yn coronatiden? Yn Waskemar is it doarpshûs sletten en is der ek gjin supermerk. Troch de coronamaatregels binne der net in soad plakken dêr't minsken inoar moetsje kinne. Besoarchbakker Melle Stoker sjocht noch in pear minsken by wa't hy bôle besoarget.
Waskemar yn coronatiid: besoarchbakker Melle Stoker bringt de bôle by de doar
Stoker besoarget al seis jier bôle, koeke en ierpels. Hy hat yn de wide omkriten in klantebestân opboud fan goed 200 minsken. It coronafirus hat him oant no ta gjin skea opsmiten. "Krekt oarsom sels. Benammen âldere minsken geane no net sa maklik mear de supermerk yn en fine it noflik dat de produkten dy't se hawwe wolle by harren oan hûs besoarge wurde."

Profitearje fan coronabeheinings

In soad klanten sjocht Stoker faak net iens. "Dy jouwe my har bestelling troch en dy hingje ik dan yn in tas oan 'e doar. By minsken by wa't ik wol persoanlik besoargje, moat ik fansels ôfstân hâlde. Dat slagget bêst. En it praatsje bliuwt itselde."
Stoker is sadwaande in ûndernimmer dy't sels profitearret fan alle coronabeheiningen. Syn klanterûnte is nammentlik grutter wurden, om't hieltyd mear minsken de supermerk net mear yn doare.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Besoarchbakker Melle Stoker
Stoker hat jierren wurke yn in túnsintrum. "Mei in soad wille, mar doe't ik 40 jier waard woe ik wolris wat oars." Syn heit, Ayze Stoker, wie ek in besoarchbakker oan hûs. Dy hie in soarte fan SRV-wein omboud ta in ridende 'Broodboetiek'.
Nei't er 20 jier mei sukses syn produkten oan 'e man brocht hie, sette Stoker senior in punt efter syn karriêre. Dat wie foar Stoker junior de kâns om de saak fan syn heit oer te nimmen.

Hurd wurkjen

De besoarchbakker is net ûntefreden oer syn nije bestean. "Al is it hurd wurkjen foar fjouwer dagen yn 'e wike. Ien dei ha ik noch oar wurk der by. Mar al mei al giet it hartstikke bêst", fertelt Stoker.
Hy sjocht sels mooglikheden om syn klantebestân út te wreidzjen troch ûnder oaren mear artikels oan te bieden. "En moaie aksjes fansels. Dy komme der no ek wer oan mei de krystdagen. Dan sit ik mei de frou oan tafel en betinke we tegearre spesjale oanbiedingen foar dy wike."
Yn de kommende tiid folget Omrop Fryslân it doarp Waskemar. Fan de basisskoalle oant it doarpshûs. Fan de fuotbalferiening oant doarpsbelang. Hoe giet in doarp en alle minsken yn it doarp om mei de coronakrisis? Watfoar effekten hat it op it doarp?