Friesland Pop-direkteur ferromme no't se dochs subsydzje fan provinsje krije

16 des 2020 - 22:30

Friesland Pop is tefreden mei de subsydzje dy't se krije fan de provinsje. De subsydzje waard yn earste ynstânsje ôfwiisd, mar troch in brief oan de provinsje krije se no dochs de subsydzje. De driging foar it fuortbestean fan Stichting Friesland Pop is dêrmei fan de baan.

Foto: Alyssa Hannah, Stichting Friesland Pop

Direkteur Sjouke Nauta is bliid dat se dochs noch jild krije. "Het is heel naar als er na dertig jaar ineens geen Friesland Pop meer zou zijn en dus ook geen popkoepel in Friesland, als enige provincie in heel Nederland."

De oanfragen waarden dit jier troch in eksterne kommisje beoardiele op artistike kwaliteit. It advys dêroer waard troch de provinsje oernommen. Friesland Pop siet dêr net by. "Wat ons overkwam is dat wij als ondersteunende instelling ineens met allerlei artistiek hoogwaardige producties vergeleken werden. Als je met talent aan de basis werkt, is dat natuurlijk een vergelijking die scheef gaat."

Direkteur Sjouke Nauta

Deputearre Sietske Poepjes is der mei oan de gong gien. "'Friesland Pop soe tusken wâl en skip falle en wy ha sjoen dat it mooglik is om se twa jier wat mear romte te jaan." In betingst is wol dat se gearwurkje mei de Popfabryk, sa seit Poepjes. Neffens Nauta moat dat gjin probleem wêze. "De Popfabryk is oorspronkelijk een initiatief dat vanuit Friesland Pop is opgestart, dus het zou wel heel raar zijn als we daar niet samen wat mee zouden kunnen."

De provinsje wol in kultueroanbod sa grut mooglik hâlde. "Net elkenien hat deselde smaak, mar it is goed foar Fryslân dat der foar elk wat is", seit Poepjes.

Nauta hie it leafst noch mear jild krigen, mar is tefreden mei wat Friesland Pop no krijt. "We zijn allang blij dat we het budget hebben wat we oorspronkelijk hadden zodat we daar in ieder geval mee verder kunnen."

Deputearre Sietske Poepjes

(Advertinsje)
(Advertinsje)