Dit jier 26 minsken ferstoarn nei ferkearsûngelokken yn Fryslân

17 des 2020 - 10:28

Der hawwe yn 2020 oant no ta 25 deadlike ferkearsûngelokken west yn de provinsje Fryslân. Dat docht bliken út de administraasje fan de plysje. Dêrby kamen yn totaal 26 minsken om it libben.

Ferkearsdeaden yn Fryslân yn de leste fiif jier:

De leeftyd fan de slachtoffers fariearret tusken de 21 en 84 jier. Der kamen 24 manlju en twa froulju om it libben. Yn de helte fan de gefallen gie it om in iensidich ûngelok.

It tal deadlike slachtoffers leit heger as yn 2019. Doe kamen der neffens de plysje 21 minsken om it libben by in ferkearsûngelok. Dat tal waard troch it CBS letter lykwols noch wol bysteld nei 29.

Yn april stelt it CBS de sifers fan 2020 fêst. De lêste jierren foel it werklike tal dan úteinlik tusken de 10 en 50 persint heger út as wat de plysje registrearre hie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)