Frou (24) rydt mei telefoan yn 'e hân 125 kilometer yn it oere troch beboude kom Ljouwert

16 des 2020 - 22:00

De plysje fan Ljouwert hat tiisdeitemoarn in proses-ferbaal útskreaun foar in 24-jierrige frou út Ljouwert dy't mei 125 kilometer yn de oere oer de Grinzerstrjitwei ried, dêr't 50 km/oere tastien is. De frou hie by it hurdriden ek noch har telefoan yn 'e hân. Ek dêrfoar krige se in proses-ferbaal.

Foto: Plysje

Ek woansdei waarden der prosessen-ferbaal útdield foar it riden mei de telefoan yn 'e hân. Op de Drachtsterwei yn Ljouwert krigen tusken 11.00 en 14.00 oere 28 minsken dêrfoar in boete. Ien dêrfan krige ek in boete foar it riden mei in net jildich rydbewiis.

In oare bestjoerder krige in ekstra boete om't hy 118 km/o ried, dêr't 80 km/o tastien is.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert hurdrydster
(Advertinsje)
(Advertinsje)