Lang om let in fangrail by it Van Starkenborghkanaal by Strobos

Der is 131.000 euro beskiber steld foar in fangrail by it Van Starkenborghkanaal del, tusken Strobos en Gaarkeuken. It ministearje fan Ynfrastruktuer hat it jild frijmakke, mar ek Wetterskip Fryslân, gemeente Achtkarspelen, Rykswettearsteat en partijen yn Grinslân stypje it delsetten fan in fangrail. It moat de ferkearsfeiligens ferbetterje, want yn de rin fan de jierren binne meardere minsken mei de auto yn it kanaal bedarre en ferstoarn.
© Google Street View
Politike partijen trunen al lang oan op in fangrail. Ek gemeente Westerkwartier hat kredyt beskiber steld foar de fangrail, dy't dus foar in part op Fryske en foar in part op Grinzer grûngebiet komme moat.