LDODK set 16 jannewaris wer útein yn Kuorbal League

16 des 2020 - 21:30

De Kuorbal League, it heechste kuorbal-nivo fan Nederlân mei dêryn LDODK fan De Gordyk, set 16 jannewaris wer útein. Dat hat it KNKV woansdei bekend makke. Ek de Reserve Kuorbal League, wêryn't de twadde teams útkomme, mei wer los. De kompetysje giet fierder yn twa pûls fan seis teams.

LDODK yn in wedstriid foar de coronakrisis - Foto: www.orange-pictures.nl

It KNKV hat woansdei it coronaprotokol stjoerd nei de ferieningen, dy't fan tongersdei ôf wer traine meie. De ploegen kinne earst twa kear oefenje mei dat nije protokol, foardat de Kuorbal League fan start giet. Op 2 en 9 jannewaris hat it bûn oefenwedstriden ynpland.

LDODK nimt it earst yn Nijeveen op tsjin DOS'46. De twadde oefenwedstriid is yn eigen hûs tsjin DVO út Bennekom.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK Kuorbal League
(Advertinsje)
(Advertinsje)