NS: 'Lelyline is moai, mar ferjit it besteande spoar ek net'

De oanlis fan de Lelyline is in goeie saak. Mar ek it besteande spoar tusken Amsterdam en it Noarden, fia Zwolle en Meppel moat al op koarte termyn ferbettere wurde. Dat skriuwt de NS woansdei yn in ferklearring op de webside. De NS skriuwt dat op dit stuit al mei partners lykas it ministearje, Prorail en de provinsjes sjoen wurdt nei de mooglikheden.
© Omrop Fryslân
Takom jier moat in ûndersyk klear wêze nei ferbettering fan it besteande spoar. Neffens de NS hat de Lelyline wol grutte foardielen yn fergelyk mei it besteande spoar. It belangrykst is de reistiid. Mei de Lelyline wurdt dy 40 minuten koarter. Ek krije Drachten en Emmeloord dan in stasjon. Dêrtroch kinne ynwenners fan dy plakken foar de trein kieze, yn stee fan de auto.
In oar foardiel fan in nije spoarline is, dat de reizgers fan de besteande linen dan gjin lêst hawwe fan lang duorjende wurksumheden, dy't nedich binne om reistiid op de besteande rûten koarter te meitsjen.