Nasjonaal Park Skiermûntseach krijt 180.000 euro subsydzje

Nasjonaal Park Skiermûntseach hat fan it regear in subsydzje fan goed 180.000 euro krigen. Mei dat jildt moat de natuerlike, lânskiplike en de kultuerhistoaryske kwaliteiten fan it eilângebiet fersterke wurde.
Nasjonaal Park Skiermûntseach © Shutterstock.com (Hollandluchtfoto)
Oer trije jier moat der in nij behearplan lizze foar it Nasjonaal Park. Dêrfoar wurdt ek in saneamde 'lânskipsbiografy' makke om sa lânkiplike- en kultuerhistoaryske eleminten yn it gebiet mei te nimmen yn it natuerbehear fan de takomst.
Wichtich is dat omwenners mear by it gebiet belutsen wurde moatte, ûnder oare troch se mei te nimmen yn wat der oan wittenskiplik ûndersyk bart op eilân. Ek folgje der plannen om mear oan edukaasje te dwaan.

Ferbetterpunten

Ofrûne simmer hat it park in 'quick scan' útfiere litten. Dêr hat út bliken dien dat der noch wat mear omtinken wêze moat foar kultuerhistoarje en lânskip. Ek kin de ferbining mei de Banckspolder sterker en yn de polder soe mear bioferskaat yn it lânbougebiet talitten wurde moatte.
Fierder is in bettere gearwurking nedich mei oare Nasjonale Parken yn it Waadgebiet. Boppesteande ferbetterpunten moatte oanpakt wurde mei it nije behear- en ynrjochtingsplan.