Brân yn hûs oan de Gabbemastrjitte yn Snits

16 des 2020 - 18:46

Yn Snits stie woansdeitejûn oan de Gabbemastrjitte in wenhûs yn 'e brân. De brânwacht krige om 17.40 oere in melding. Neffens de brânwacht koene de bewenners op tiid it hûs út komme. It gie om in útslaande brân, meardere brânwachten binne op it plak om it fjoer út te meitsjen. Dêr waard ek in heechwurker foar ynset.

Foto: CAMJO media

Der kaam in soad reek frij by de brân. Njonken de brânwacht wie der ek in ambulânse op it plak.

Om likernôch 19.15 oere koe de brânwacht it sein 'brand meester' jaan. De bewenners fan de omlizzende wenten koene doe wer nei hûs.

Trefwurden: 
brân Snits Gabbemastrjitte
(Advertinsje)
(Advertinsje)