'Winkelje lokaal, oars sjocht de winkelstrjitte der takom jier oars út'

Undernimmers yn Grou dogge in oprop oan de minsken om sa folle mooglik lokaal te winkeljen. Se binne benaud dat de winkelstrjitte der oar jier oars net mear sa útsjocht as no.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De sluting fan de winkels is benammen foar de lytse ûndernimmers in grutte klap. Sa ek foar Vrouw Holle yn Grou. Noch mar fiif wiken binne se iepen. En no binne de doarren alwer ticht. Eigeneres Klazina Visser fûn dat der yn de winkelstrjitte fan Grou noch wat miste en begûn dêrom, midden yn corona, in boartersguod- en spultsjeswinkel.
Mei har dochter hat Klazina op 6 novimber de doarren iepene. ''Wij merkten gewoon dat er in Grou vraag was naar spelletjes en speelgoed.'' Dus lutsen Klazina en har dochter de dryste skuon oan en begûnen de winkel. Se wisten wat de risiko's wiene, mar dat hâlde harren net tsjin. Sa krekt foar de feestdagen is in belangrike tiid foar winkels as dizze. "Daar moet je toch je omzet uit halen, daar heb je toch een beetje op gerekend."

Lokale ûndernimmers stypje

Klazina fynt it belangryk dat minsken de yn dizze tiid winkelje by lokale ûndernimmers. "Als je dat nou niet doet dan heb je straks lege winkelstraten. En dat moeten we zien te voorkomen." Dochs bliuwt Klazina posityf. "Ik denk dat als wij deze periode doorkomen dat wij er heel wat leuks van kunnen maken en dan hoop ik dat we nog jaren bestaan."
Eigener Klazina Visser
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers