Ljouwwerter winkel ferkeapet fjoerwurk: gemeente docht de opslach op slot

De plysje, de FUMO en de gemeente Ljouwert hawwe woansdei de opslach fan in fjoerwurkwinkel oan de Troelstrawei fersegele, sa hat wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert befestige.
© Kappers Media
Ferline wike is der fêststeld dat der bûten de oanwiisde perioade fjoerwurk ferhannele waard, dat út dizze winkel kaam. In 29-jierrige man waard dêrfoar oanhâlden en der waard sa'n 600 kilo fjoerwurk yn beslach nommen. Dat gong om ôfkard fjoerwurk, dat hielendal net ferkocht wurde mocht.
Mei de fersegeling fan de opslach moat foarkaam wurde dat it oare fjoerwurk yn de winkel noch ferkocht wurde kin. Neffens de wethâlder sil dêr ek strang op kontrolearre wurde.