Dea Totilas skok foar syn Fryske fokkers: "We hiene tocht dat hy wol 30 wurde soe"

16 des 2020 - 17:26

It wie in skok foar Jan en Anna Schuil fan Broeksterwâld, de fokkers fan de wûnderhynst Totilas: op 20-jierrige leeftiid stoar it hynder tiisdei yn Dútslân. "We hiene tocht dy hy seker wol 30 jier wurde soe", sizze se. En der wiene ek gjin oanwizingen dat it min mei him gie. Wat de deadsoarsaak presys is witte se noch net, mar it fielt as in famyljelid dat se kwytrekke binne.

Totilas

Totilas sette alve jier lyn de dressuerwrâld yn fjoer en flam. Edward Gal ferbruts wrâldrekôrs mei Totilas. Hy wie doe 9 jier. Jan en Anna hiene al folle earder sjoen dat de hynst hiel bysûnder wie. De rest fan de wrâld woe dêr earst net oan, mar úteinlik waard hy ûntdutsen om nea wer fergetten te wurden. Edward Gal beneamde Totilas doe al as in wûnderhynst. "Hij is explosief en lief, en gaat door het vuur voor je."

Unyk

De ynternasjonale kritiken wiene loovjend, elkenien wie derfan oertsjûge dat Totilas unyk wie yn syn soarte. Op it EK yn 2009 yn Windsor wûn Gal mei Totilas goud. In jier letter wûnen se op de wrâldbekerfinale trije kear goud en ek op it WK yn Kentucky stie er trije kear op it heechste poadium en hellen se ferskate wrâldrekôrs.

Foar Jan en Anna Schuil betsjutte Totilas in totale feroaring fan harren libben. Se ferkochten it hynder foar in grut bedrach en rekken yn de kunde mei de topsportdressuerwrâld. Se folgen harren hynder oeral op de wrâld. "Us libben waard troch him in 'sprookje', we hawwe in hiel soad oan Totilas te tankjen".

Jan en Anna Schuil mei Totilas - Foto: Omrop Fryslân

Alles wiisde der op dat Gal en Totilas yn 2012 rjochting Olympyske Spelen gean soene. Mar dat barde net. Totilas waard ferkocht en kaam yn Dútslân by Paul Schockemöhle. De nije berider fan Totilas, Matthias Rath hie gjin sukses mei Totilas. Der kamen gjin Spelen.

Neffens Jan Schuil wie dat 'pure pech'. Rath waard siik doe't hy Totilas trainde en dêrnei krige Totilas lêst fan blessueren. Der is neffens Schuil gjin sprake fan dat Totilas fergriemd is yn Dútslân. "Hy hat dêr in goed libben hân."

De fokkers fan Totilas - Foto: Simone Scheffer

Totilas sels is der net mear, mar Schuil is noch altyd drok mei it fokken fan neikommelingen. Edward Gal rydt no op in soan fan Totilas, Toto jr. Der stiet yn Broeksterwâld hiel wat famylje fan it wûnderhynder. Ien dêrfan is Mackensen. Dy wurdt no traind en hat it karakter fan Totilas. Se hoopje dat hy yn it spoar komme sil. Mar it is ek foar de Schuils dúdlik. Ien as Totilas komt der net wer. Hy wie unyk. Alles kaam dit hynder byinoar.

Anna omskriuwt syn libben as: "Dynamysk, spektakulêr... hiel bysûnder."

Trefwurden: 
hynder Totilas hynst
(Advertinsje)
(Advertinsje)