Veiligheidsregio-direkteur Wim Kleinhuis: "We gean in saaie Ald en Nij temjitte"

It wurde neffens Wim Kleinhuis, direkteur fan Veiligheidsregio Fryslân, sobere feestdagen. De feestmoanne is dit jier gjin tiid fan gesellich gearkomme en minsken sille har noch altyd oan de strange coronamaatregels hâlde moatte. "Hoe saai dat ek is." Dat sei hy woansdeimiddei yn it Omrop Fryslân-radioprogramma Weistra op Wei. Hy besocht safolle mooglik harkersfragen oer it coronafirus te beäntwurdzjen.
Wim Kleinhuis © Veiligheidsregio
Mei hoe folle minsken mei ik yn de auto sitte?
"Ast mei minsken út in oar húshâlden yn de auto sitst, meie der, útsein de bestjoerder, maksimaal twa persoanen yn de auto sitte. Dit maksimum jildt net ast mei húsgenoaten yn de auto sitst." Bûtendoar meist mei maksimaal twa minsken rinne.
Hokker winkels meie no wol iepen en hokker net?
"Winkels dêr'tst dyn deistich iten en drinken hellest of dy't medisinen ferkeapje, binne iepen." It giet dêrby om drogisterijen en apoteken.
Ek bistespesjaalsaken, audisiens en optisiens, tankstasjons, winkels foar soarch- en wolwêzenhelpmiddels, waskerijen en stomerijen, gruthannels foar bedriuwen, en winkels bûten foar krystbeamme- en blommeferkeap binne iepen.
Krije we aanst in bewiis fan yninting as we faksinearre binne?
"Dat is noch net bekend. Ik ferwachtsje wol dat der in foarm fan registraasje komt sadat der bewiis is dat je faksinearre binne. Dat silst ek oantoane moatte as reizgje wolst. Hoe't dat komt, moat noch útwurke wurde."
Hoe lang bist beskerme tsjin it coronafirus nei yninting?
"Dat is noch net hielendal bekend. Dêr moat noch mear ûndersyk nei dien wurde."
Hoe lang nei de faksinaasje meist wer feilich nei bûten ta?
"Meastal moatst dy twa kear faksinearje litte foar't it effektyf is. Hoe lang't it duorret foar't it wurket, moat noch útslutsel oer komme, mar foar elts faksin sil der in brûksoanwizing komme."
Wurde wy it Noarden straft foar de hege besmettingsoantallen yn it Westen fan it lân?
"It kloppet dat hjir minder besmettings binne. Mar as wy hjir neat dogge, nimme de besmettings hjir aanst ek ta en lizze de sikehûzen fol. Dus wy wurde net straft foar it gedrach fan it Westen."
Hoe komt it mei it karbidsjitten?
"We roppe minsken op om net karbidsjitten te gean. It mei wol, mar mei mar twa persoanen. De gesellichheid deromhinne mei net."
Moat it dan net ferbean wurde?
"It is gewoan tastien. Dan soene alle gemeenten in ferbod ynstelle moatte, mar dêr hawwe we net foar keazen. It is hiel ferstannich as karbidferieningen it net dogge. Oaren knalle wol, mar dêr wurdt strang op tasjoen troch de plysje. Der wurdt dan net mals optreden, we wolle dat echt de kop yndrukke."
Komt der dan in alternatyf foar jongerein?
"Der binne digitale alternativen troch gemeenten. Sa hawwe sy in foarljochtingskampanje mei aktiviteiten foar de jongerein. Earlik, we gean net de leukste âld en nij temjitte. We moatte ôfstân hâlde. Dêr moatte we dit jier echt efkes trochhinne, hoe saai ek."
Jongerein moetet inoar no yn alternative kroegen. Wurdt dêr wat oan dien?
"Wy hâlde tafersjoch op de keten. We witte wêr't se sitte en guon binne sletten. Wy dogge ek de oprop oan âlden om it gearkommen yn keten op it hiem net ta te stean. Jongeren dy't siik wurde, hawwe faak gjin klachten en drage it firus oer op âlderein."
Ik ha in beheining en ha help nedich yn de supermerk. Hoe komt dat?
"Dan kinst it bêste yn de spesjale rêstige oerkes nei de supermerk gean. Dan binne der minder minsken en kinst better holpen wurde."
Komt der in jûnsklok mei de feestdagen?
"Nee, der komt gjin jûnsklok. De maatregels dy't der no lizze, binne al de strangste ea. Dy moatte genôch wêze as minsken har deroan hâlde. Nei de feestdagen sjogge we wer fierder."
Op it nijs sjoch ik brânwachtminsken tichtby elkoar stean. Hoege sy gjin oardel meter te hâlden?
"Nee, minsken mei essinsjele beroppen meie tichtby elkoar stean. Sy meie net oan it wurk as sy klachten hawwe en wurde regelmjittich test. Dus dêr wurdt goed rekken mei holden."