FIDEO: "It wie in grutte fjoersee"

16 des 2020 - 17:26

De grutte brân by in boatebouwer yn Heech hie folle slimmer ôfrinne kind foar de bedriuwen der omhimme. Dat seit de touspesjalist dy't syn bedriuw neist de saak hat dy't ôfbaarnd is. It soe oan de ynset fan de brânwacht te tankjen wêze dat dat bedriuw sparre is. "It wie ien grutte fjoersee en de strielingswaarmte wie enoarm," sa seit de buorman.

Ruurd van Wieren fan it neistlizzende bedriuw de Touwspecialist:

Ruurd van Wieren fan it neistlizzende bedriuw de Touwspecialist:

It boatebedriuw gong folslein ferlern by de brân. Der rekke net ien ferwûne. Tsientallen brânwachtminsken wiene midden yn de nacht yn it spier om de brân te bestriden.

De brânwacht hat lang oan it neiblussen west. It bedriuw bout elektryske boaten en der lizze in soad akku's yn it gebou. Dy binne gefaarlik en kinne lang yn 'e brân stean.

Trefwurden: 
brân Heech De Stille Boot
(Advertinsje)
(Advertinsje)