FIDEO: 11 Andere Oorden by de loftwachttoer yn Aldemardum

16 des 2020 - 20:00

De loftwachttoer yn Aldemardum is boud yn de Kâlde Oarloch om Russyske fleantugen te spotten. It is it tredde ljochtkeunstwurk fan de keunstners fan LUNA Collective. No't de toer ferljochte is liket it krekt in flatgebou. Op alve plakken yn Fryslân binne de kommende tiid ljochtkeunstwurken te sjen.

11 andere oorden dei3

11 Andere Oorden is in ljochtkeunstprojekt fan LUNA Collective (yn oparbeidzjen mei Provinsje Fryslân), dat fertoand wurdt op alve lokaasjes yn Fryslân. Alle dagen op in nij, geheim plak. Efter elk projeksje sit in krystgedachte. Fanwegen de beheinende maatregels mei der gjin publyk by wêze. In ympresje fan de ljochtprojekten is dêrom fan moandei 14 oant en mei 24 desimber alle dagen fan 17.00 oere ôf te sjen op telefyzje en online by Omrop Fryslân of op www.friesland.nl/11oorden. Op earste krystdei folget in kompilaasje. Hjir binne alle oare fideo's te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)