221 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân, ien persoan ferstoarn

16 des 2020 - 16:10

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 221 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der 106 mear as tiisdei, doe wiene it der 115. De 221 besmettingen binne 37 mear as it gemiddelde fan de ôfrûne sân dagen. Lanlik binne der 11.214 besmettings fêststeld. Dat is it heechste tal sûnt it begjin fan de corona-útbraak.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De GGD hie op tiisdei te krijen mei in steuring wêrtroch't sifers fan dy dei langer op him wachtsje lieten. Mooglik sitte der woansdei ek besmettingsmeldingen fan de dei dêrfoar by, en is it byld fertekene.

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn Súdwest-Fryslân mei 44, dêrnei folgje Ljouwert mei 28 en Noardeast-Fryslân mei 24 nije besmettingen.

Ien persoan ferstoarn

Ien ynwenner fan Smellingerlân, ien ynwenner fan De Fryske Marren en ien ynwenner fan in ûnbekende gemeente waarden yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus en ien ynwenner fan De Fryske Marren is ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

(Advertinsje)
(Advertinsje)