Smellingerlân ûntkomt oan finansjeel tafersjoch mei nije begrutting

De gemeente Smellingerlân hat it driigjend previntyf tafersjoch keare kinnen troch noch in nije begrutting oan te bieden oan de provinsje. De gemeente hat besparje kind op de kosten foar it grienûnderhâld en brûkt dat jild om it begruttingstekoart fan 85.000 euro te dekken. De provinsje is akkoart mei de oanpassingen en sil yn 2021 it normale, repressyf, finansjeel tafersjoch fiere.
It gemeentehûs fan Smellingerlân © Omrop Fryslân
Deputearre Sander de Rouwe: "Foar in gemeente fan dizze grutte wie it tekoart yn de begrutting relatyf lyts, Smellingerlân hat dêrom de romte krigen de begrutting 2021 oan te passen."
No't de gemeente dit noch sels dien hat, hoecht de provinsje gjin previntyf tafersjoch te hâlden op de gemeente. "Wol sjogge wy takom jier yntinsyf mei by Smellingerlân, benammen by de kearntakediskusje dy de gemeente op 'e nij oankundige hat en no feitlik hannen en fuotten krije moat", seit De Rouwe.
"As finansjeel tafersjochhâlder wol ik beklamje dat dizze diskusje fan grut belang is foar de takomst fan de gemeente, binnen it beskikbere finansjele ramt."

Net goed ûnderboude stelposten

Begjin dizze moanne waard dúdlik dat de provinsje Fryslân de troch de gemeente Smellingerlân yntsjinne begrutting 2021 as net-slutend beoardiele. De oarsaak hjirfan wiene twa net goed ûnderboude stelposten. Mei in korreksje op dizze stelposten ûntstie in tekoart yn de begrutting.

Finansjeel tafersjoch

Deputearre Steaten fan de provinsje binne ferantwurdlik foar it finansjeel tafersjoch op de gemeenten. Wannear't de begrutting en jierrekken op 'e tiid ynstjoerd binne en de finansjele posysje troch de provinsje as foldwaande beoardiele wurdt, dan falt de gemeente ûnder, it reguliere 'repressyf tafersjoch' (efterôf).
Previntyf tafersjoch wurdt ynsteld as de termyn fan ynstjoeren net helle wurdt en/of de begrutting finansjeel net yn lykwicht is. Dat is in strange foarm fan tafersjoch, wêrby't net allinne de begrutting troch de provinsje goedkard wurde moat, mar wêrby't ek begruttingswizigings foar goedkarren ynstjoerd wurde moatte nei Deputearre Steaten.