Fryske dokterswacht telefoanysk wer berikber nei steuring

16 des 2020 - 15:42

De telefoansteuring by de Fryske dokterswacht is wer foarby. De dokterswacht yn de provinsje wie woansdei in skoft telefoanysk net te besetten. De ferwachting wie dat it noch oant 18.00 duorje koe, mar om 17.45 oere hinne wie de technyske steuring wer oplost.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De dokterswacht hie te lijen fan in steuring yn it ICT-systeem. De dokterswacht frege minsken dêrom om woansdeitemiddei net te beljen. Minsken dy't sa lang net wachtsje koene, moasten 112 belje, liet in wurdfierder fan de dokterswacht witte.

Trefwurden: 
steuring dokterswacht
(Advertinsje)
(Advertinsje)