HEA! De krystfamkes

16 des 2020 - 15:37

Janke Kort, Corrie Terlouw en Janny Struiksma stean yn Boalsert bekend as 'De Famkes'. Al twa wiken binne se fan moarns betiid oant jûns let yn it spier mei it meitsjen fan kryststikjes, dy't se te keap sette yn in glêzen kas. De opbringst is foar it goede doel. Dit jier binne dat de âlderein yn wensoarchsintrum Bloemkamp. De famkes dogge it no foar it sânde jier op rige en de sfear sit der altyd goed yn. En dat makket dizze tiid ek altyd sa moai en bysûnder.

HEA! De krystfamkes

Trefwurden: 
Boalsert Hea! De Famkes
(Advertinsje)
(Advertinsje)