Trainer SC Hearrenfean kin foar primeur soargje yn frouljusfuotbal

16 des 2020 - 14:29

Trainer Roeland ten Berge fan de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean is ien fan de tsien fuotbaltrainers dy't talitten is ta de heechste trainersoplieding fan Nederlân. Dêrmei kin hy foar in primeur soargje: Ten Berge soe de earste coach wurde kinne yn de frouljus earedifyzje mei it heechste trainersdiploma.

Foto: Orange Pictures

Der is op it stuit ien trainer yn de earedifyzje fan de froulju dy't yn it besit is fan dat trainersdiploma, mar dat is in ynterim-trainer. Dy sil dêrom op koarte termyn wer ferfongen wurde.

De oplieding dy't Ten Berge folgje sil, duorret in jier en sil yn maaie begjinne. As de fuotbalcoach it hellet, soe er ek by de manlju yn it betelle fuotbal oan de slach kinne. Mar, dat is net de haadreden om de oplieding te folgjen. "Ik heb het in eerste instantie goed naar mijn zin in het vrouwenvoetbal, maar ik wil nooit dingen uitsluiten. Ik wil mezelf verder ontwikkelen, ook omdat het vrouwenvoetbal verder ontwikkelt."

De kommende tiid sil Ten Berge mei it bestjoer fan de Feanfroulju om tafel om te sjen hoe't se it ynfolje sille. Der binne in oantal praktyske saken dy't bepraat wurde moatte. De kosten fan de oplieding binne heech, boppe de tweintichtûzen euro, en hy sil ek staazje rinne moatte yn it manljusfuotbal.

Ien fan de njoggen oare trainers dy't oan de oplieding begjinne sille, is âld-Cambuur-spiler Kenneth Goudmijn. Hy is op it stuit assistint-trainer by Jong AZ.

(Advertinsje)
(Advertinsje)