De Jong kiest njoggen oare spilers yn basis Cambuur foar bekerduel tsjin Go Ahead

SC Cambuur spilet tongersdei foar de KNVB-beker mei in flink oar team as ôfrûne sneon tsjin Jong AZ. Trainer Henk de Jong bringt njoggen nije spilers yn: hy lit allinne keeper Sonny Stevens en middenfjilder Mees Hoedemakers stean. Tsjinstanner yn de twadde ronde fan de beker is Go Ahead Eagles.
Henk de Jong
Ferwachte opstelling SC Cambuur: Stevens; Ter Heide, Nieuwpoort, Kramer, Bangura; Hoedemakers, Breij, Maulun; Antonia, Pouwels, Oratmangoen.
Dat Henk de Jong njoggen oare spilers ynbringt, betsjut net dat er it bekertoernoai net serieus nimt. "Ik nim myn spilers serieus. De beker is prioriteit nûmer ien op dit momint en ik spylje mei de jongens dy't topfit binne en dy écht goed fuotbalje kinne."
"It komt ek moai út, want snein spylje we alwer en dan ha ik gewoan twa fitte ploegen. Ik bin der hartstikke bliid mei en ik nim it hiel serieus."
© Orange Pictures
Go Ahead Eagles is ien fan de twa tsjinstanners dêr't Cambuur dit seizoen fan ferlear. De Deventenaren spilen doe tige ferdigenjend, mar skoarden wol twa kear en wûnen mei 2-0. Tiid foar revâns soene je sizze, hielendal om't Go Ahead doe mei ferdigenjend fuotbal wûn. Mar dat gefoel libbet net by De Jong. "Dat is in kar fan harren trainer. It is elts syn goed rjocht. Ik soe it net sa dwaan. Mar ik ha gjin revânsgefoelens."
Allinne Stanley Akoy ûntbrekt tsjin Go Ahead. Delano Ladan sit wer by de seleksje. Hy komt werom fan de blessuere dy't er oprûn yn de earste bekerronde, by de wedstriid tsjin RKC Waalwijk.
Jarchinio Antonia
Ien fan de spilers dy't tsjin Go Ahead wer yn de basis begjinne mei, is Jarchinio Antonia. De oanfaller krige oan it begjin fan it seizoen mear minuten, mar de lêste kear dat er in folsleine wedstriid spile, wie heal septimber. Dêrtroch ferliest er de wille yn it fuotbal wol in bytsje.
"Om elke keer op de bank te zitten, vind ik niks", seit Antonia. "Mijn contract loopt aan het eind van het seizoen af. Ik wil wel wedstrijdjes spelen om toch nog met plezier een aantal jaren te voetballen. Als het zo doorgaat, denk ik dat ik mijn plezier kwijtraak en dat ik misschien wel stop met het spelletje."
Dêr't De Jong gjin revânsgefoelens hat troch de eardere kompetysjewedstriid, hat Antonia se wol. Hielendal om't er sels fiif seizoenen spile hat foar Go Ahead Eagles. "Ja, ik heb zeker wel revanchegevoelens. Het is vervelend om van je oude team te verliezen. Ze hebben dat toen heel goed gedaan, maar dit is weer een andere wedstrijd. Het gaat om de beker. Als je hier dan komt om met elf man in de zestien te staan, kun je net zo goed thuisblijven."
SC Cambuur spilet tongersdei om 18:45 oere tsjin Go Ahead Eagles. De wedstriid is by Omrop Fryslân live te hearren op de radio, mei kommentaar fan ferslachjouwer Andor Faber.