Drachtster dosint emosjoneel nei tankberjocht: "Het is niet te geloven!"

16 des 2020 - 17:55

Lesjaan yn tiden fan corona kin tige dreech wêze. Ek dosint Nederlânsk Conrad Berghoef fan ROC Friese Poort yn Drachten hie grutte muoite mei it online lesjaan. Lokkich foar him, kin er mei in goed gefoel de Krystfakânsje yn, want syn learlingen hiene in ferrassing foar him.

De dosint siet klear foar syn webcam, om les te jaan oan klasse VP19EF yn Drachten, doe't ien fan de learlingen frege om it op te nimmen. Reden: ien fan de learlingen wie net oanwêzich en woe de les achterôf wol graach sjen. Wat Berghoef lykwols net wist, wie dat de learlingen in ferrassing foar him klearmakke hiene, en se woene it graach op fideo fêstlizze.

Doe't de les begûn hie elk syn kamera út, ta frustraasje fan Berghoef. Mar doe't se ynienen tagelyk de webcam oan diene, hiene de learlingen allegearre in briefke mei tankwurden foar harren dosint foar de kamera.

Emoasjes

Berghoef fûn it sa'n moai gebaar dat er der emosjoneel fan waard. "Het heeft ermee te maken, dat je als docent er constant mee aan het worstelen bent, met dat online onderwijs", sa fertelt er yn Weistra op Wei. Berghoef hat al faker oanjûn dat er it online ûnderwizen sa no en dan dreech fynt.

"Leerlingen merken dat ik aan het zoeken ben." En dit wie harren wize fan tanksizzen, foar alle muoite dy't Berghoef docht. "Met deze actie laten de leerlingen ook zien dat ze snappen dat wij het als leraren er moeilijk mee hebben."

De fideo fan de aksje is troch de dosint op twitter set, en yntusken al mear as 200.000 kear besjoen. "Het is niet te geloven!" Hy tocht dat it filmke eins allinnich mar besjoen wurde soe troch oare minsken yn it ûnderwiis, mar dat waarden der dus wat mear. "Ik denk dat het nu op het juiste moment komt."

Dosint Conrad Berghoef

(Advertinsje)
(Advertinsje)