Provinsje kent dochs kultuersubsydzje ta oan ûnder oare Friesland Pop

16 des 2020 - 13:13

De driging foar it fuortbestean fan Stichting Friesland Pop is fan de baan mei de takenning fan in provinsjale subsydzje. Earder waard de oanfraach fan Friesland Pop ôfwiisd, mar mei in moasje moast deputearre Poepjes dochs sjen nei finansiering fan guon kulturele ynstellingen, dy't bûten de boat foelen.

Provinsje kent dochs kultuersubsydzje ta oan ûnder oare Friesland Pop

De oanfragen waarden dit jier troch in eksterne kommisje beoardiele op artistike kwaliteit. It advys dêroer waard troch de provinsje oernommen. Foarhinne bepaalde de provinsje sels wa't jild krige.

Ynstellings dy't earder wol op subsydzje rekkenje koene, fisken dit jier dêrtroch achter it net. Deputearre Poepjes sprong dêrom foar harren yn 'e bres. Gefolch is no dat Friesland Pop, mar ek oare ynstellings, no op finansjele stipe rekkenje kinne.

Brief

Woansdeitemiddei is der in brief oer de kwestje nei Provinsjale Steaten stjoerd. "Dêryn stiet dat it achternei besjoen net in goede beoardieling west hat", leit kultuerferslachjouwer Ronnie Porte út. "No is sein dat Friesland Pop ûnmisber is en yn elts gefal de kommende twa jier jild krijt."

Yn de brief falt ek te lêzen dat it Befrijingsfestival in strukturele ferankering yn de provinsjale begrutting krijt. De lânskipsprojekten fan Sense of Place wurdt ek finansjele stipe takend, fanwegen de wichtige rol derfan yn de neilittenskip fan LF2018.

Ko-finansiering

DeDansDivisie, dy't him ynset foar profesjonele dûns, hat noch stipe oanfrege út it Fonds voor Cultuurparticipatie. As dat takend wurdt, stipet de provinsje ek. Dy ko-finansiering jildt ek foar festivals as Welcome to the Village, City Proms en Oranjewoud Festival.

It Lânboumuseum, dat ek bûten de boat foel, krige earder dochs noch in oerbrêgingssubsydzje fan 200.000 euro fan de provinsje.

Ferslachjouwer Ronnie Porte oer de brief

(Advertinsje)
(Advertinsje)