Noch gjin beslút oer oanpak oerlêst damherten by Ketlik

16 des 2020 - 13:13

It faunabehearsplan foar de groeiende populaasje deimen (damherten) yn it easten fan de gemeente Hearrenfean is noch hieltyd net klear. Deputearre Klaas Fokkinga sei dat woansdei yn Provinsjale Steaten. Sûnder akkoart oer in faunabehearsplan kin net begûn wurde mei it ôfsjitten fan de bisten om de oerlêst troch de deimen te beheinen. It tal deimen yn de streek is de lêste jierren groeid oant sa'n 180 bisten.

Noch gjin akkoart foar oanpak oerlêst troch damherten by Nijhoarne

Neffens Fokkinga koene de leden fan de faunabehearsienheid it net iens wurde oer it plan. Dat is nedich, omdat yn de Fryske faunabehearsienheid wurke wurdt op basis fan unanimiteit.

CDA-steatelid Attje Meekma frege de provinsje al de ôfrûne simmer om in part fan de deimen ôf te sjitten, omdat de groeiende populaasje foar hieltyd mear problemen soarget. De Pleatslik belangen fan Ald- en Nijhoarne, Ketlik en Mildaam fregen it ôfrûne jier ferskate kearen omtinken foar it groeiende tal ferkearsûngelokken mei deimen. Neffens tellingen hat der sûnt 2014 allinnich yn de gemeente Hearrenfean 31 kear in botsing west mei in deim. Ek waarden geregeld tunen fan bewenners kealfretten troch deimen.

Meekma is fernuvere dat der oan de ein fan 'e hjerst noch neat oan it probleem dien is. Ek fynt se dat de provinsje better kommunisearje moat mei de pleatslike belangen oer de provinsjale oanpak.

Foto: ANP

Deputearre Fokkinga sei ta dat de provinsje der op oantrúnje sil dat der begjin takom jier gau in faunabehearsplan komt foar de deimen by Ald- en Nijhoarne. Ek sil de provinsje de bewenners fan it gebiet aktyf ynformearje oer de ûntwikkelings.

Steatelid Menno Brouwer fan de Partij voor de Dieren frege de deputearre om ek te sjen nei oare oplossings as it mooglik ôfsjitten fan deimen. Troch it meitsjen fan corridors nei natuergebieten yn de omjouwing kin neffens him ek befoardere wurde dat de deimen oer in grutter gebiet ferspraat wurde en dêrtroch foar minder oerlêst soargje yn Ald- en Nijhoarne.

In stik lân by Ketlik dêr't faak deimen sitte. - Foto: Omrop Fryslân

Pleatslik Belang Ald- en Nijhoarne is teloarsteld dat dit jier noch neat dien is om it tal deimen yn de streek te beheinen. "Der is wer in jier ferlern", seit foarsitter Bonne Schokker fan Pleatslik Belang. It probleem sil dêrtroch neffens him allinnich mar grutter wurde. "It giet wol troch mei dizze bisten. De groep wurdt sa allinnich mar grutter."

Schokker is der ek min oer te sprekken dat Pleatslik Belang noait in antwurd krigen hat op in brief oer it probleem oan it provinsjaal bestjoer. "Je ferwachtsje in reaksje. As dy dan net komt binne je teloarsteld."

Foarsitter Bonne Schokker fan Pleatslik Belang Ald- en Nijhoarne

Ferslachjouwer Onno Falkena oer de deimen by Ketlik

(Advertinsje)
(Advertinsje)