Grutte ravaazje by ôfbrânde boatebouwer yn Heech

16 des 2020 - 13:10

De ravaazje is grut by boatebouwer De Stille Boot yn Heech. Dêr bruts yn de nacht fan tiisdei op woansdei in tige grutte brân út. De korpsen fan Snits, De Jouwer, Drachten, De Lemmer en Boalsert moasten der oan te pas komme om it fjoer te bestriden. De brân is yntusken út, mar de brânwacht wie noch oant it begjin fan de middei dwaande oan It Bûtlân mei it neiblussen.

Grutte ravaazje by ôfbrânde boatebouwer yn Heech

It bedriuw bout elektryske boaten en der lizze in soad akku's yn it gebou. Dy akku's binne gefaarlik en kinne lang yn 'e brân stean. Der moat in spesjale takelwein komme om de ravaazje op te romjen, dan pas kinne de akku's útmakke wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Fan it bedriuw is net folle mear oer as in swart geramte. Neistlizzende bedriuwen ha beheinde skea oprûn. Yn it pân flak njonken De Stille Boot sit in touspesjalist en it is de brânwacht slagge om dat gebou te rêden. De brânwacht hat der mei man en macht oan wurke om dat pân te behâlden. Mooglik hat it wol wetterskea oprûn.

Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Dêr kin op it stuit noch gjin ûndersyk nei dien wurde. Fanwege de brân is de stroom yn it gebiet om it boatebedriuw hinne ôfsletten.

Ferslachjouwer Timo Jepkema seach by it ôfbrânde boatebedriuw yn Heech

Trefwurden: 
brân Heech De Stille Boot
(Advertinsje)
(Advertinsje)