Nij sjoernaal mei regionaal nijs op NPO2

Omrop Fryslân, en de tolve oare regionale omroppen begjinne fan 4 jannewaris ôf mei in nij regionaal sjoernaal op NPO2. It sjoernaal sil alle wurkdagen om 18:15 te sjen wêze.
© NOS
Yn it nije NOS Regio Sjoernaal komme regionale nijsferhalen dy't ek lanlik sjoen nijsgjirrich binne. It bulletin folget fuort op it NOS sjoernaal om seis oere, en wurdt makke troch Bureau Regio, de redaksje fan de regionale omroppen by de NOS. Nei de twa sjoernaals folget in twa oeren duorjend regionaal blok mei programma's mei in regionaal karakter: NPO Regio.
Haadredaktuer Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân: "Dit wie in útdruklike winsk fan de minister, om de regionale omroppen mear gearwurkje te litten. Wy krije allegearre jild út deselde pot, dus it is logysk dat je dan gearwurkje." Dêrnjonken krije de produksjes en de reportaazjes fan de Omrop no in grutter publyk.
By de NOS binne se wiis mei de gearwurking, sa seit haadredakteur NOS Nijs Marcel Gelauff: "Met dit nieuwe initiatief snijdt het mes aan twee kanten: de kijker krijgt een nog bredere blik op wat er in Nederland gebeurt en door de samenwerking met de regionale omroepen verdiept onze journalistieke kwaliteit zich."

Populêr

Regionaal nijs lûkt al langer in grut publyk by de NOS. Ut sifers docht bliken dat yn de earste alve moannen fan 2020 de regionale artikels op de webside fan de NOS 317 miljoen unike besikers opsmiten hawwe. Dat is ûngefear alve prosint fan it totaal tal besikers oan NOS.nl.