Gjin bon mear efter de rutewisker yn Ljouwert

16 des 2020 - 11:30

Parkearwachters yn Ljouwert kinne fan woansdei ôf flugger bonnen útskriuwe. Oant no ta diene sy de bon noch efter de rutewisker, mar dêr hâlde se mei op.

Foto: Plysje Ljouwert

De parkearwachters notearje de oertrêding allinnich noch mar yn de kompjûter. Wa't ferkeard parkeard hat of net betelle hat, krijt dan letter in brief thús mei de oertrêding en it bedrach dat betelle wurde moat.

De parkearwachters dogge wol in kaartsje efter de rutewisker, mar dêr stiet allinnich in standerttekst op. De gemeente jout as ferklearring dat administraasje op strjitte dêrmei makliker en flugger wurdt.

Trefwurden: 
Ljouwert boete parkearen
(Advertinsje)
(Advertinsje)