Provinsjehûs wurdt ljochtbeaken yn tsjustere dagen foar de Krysttiid

16 des 2020 - 11:01

It sil guon ynwenners fan Ljouwert al opfallen wêze: it provinsjehûs skynt dizze wike as in ljochtbeaken yn de binnenstêd. De ljochtshow is ûnderdiel fan de iensumenskampanje 'Fryslân yn ferbining'.

Foto: Omrop Fryslân, Eva Meesterberends

Oan de ein fan it jier stekke minsken gauris in ljochtsje oan foar immen dêr't se oan tinke. It jier 2020 wie net in maklik jier, en fandêr dat de provinsje graach in ljocht oanstekke wol foar elk dy't in stikje stipe brûke kin. It moat in symboal fan ljocht en hope wêze.

De ljochtshow is dizze wike alle jûnen te sjen, fan sân oere oant njoggen oere.

Trefwurden: 
provinsjehûs coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)